Harns en syn waadsee

94 % fan de wrâldsiedden is útstoarn is en kin net weromkomme. Kinst it libben en de mins werombringe nei de kearn, in siedsje. In siedsje hat goede boaiem nedich om te groeien; wetter, leafde en sinneljocht. In soad siedden lizze yn it skaad, ferskrale dêr. It is oan ús om te soargen foar fruchtbere boaiem en mei soarch en leafde de omstannichheden better te meitsjen.
Ik wenje yn Harns en op de Offalûne nei is it in moaie dynamyske stêd dêr’t in protte muzyk yn sit. Dêrom dit fers, dat ek in liet is.

Harns en syn waadsee

do ljochte fisk glimkest op tusken de iezing
streamst as muzyk, sûch dy op as in spoen

dyn echokeamer – it lûd komt werom

do dûnser bûnzest yn it hert fan myn havenstêd
blau lei ik by de fjoertoer ferankere, hearde dyn namme
skolperjend ûnder ’t kessen, rinkeltoan yn ’t liif
sturt yn ’e tiis – wyld krite kobben foarby

do dûnser bûnzest yn it hert fan myn havenstêd

fan no ôf leit de moarn op ’e dyk te dampen
draaf ik by mêsten lâns, oer klinkers ta kaai
trossen los, de skitteringen ûnder seelok
dyn echokeamer – it lûd komt werom

do dûnser bûnzest yn it hert fan myn havenstêd

© Jetze de Vries

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *