Wy binne wolf

De wolf is werom yn Fryslân. Op ferskate plakken yn it suden en easten fan de provinsje binne se sjoen, binne deabiten skiep fûn. Yn maaie is op in geheim plak yn ’e bosken yn Drinte in wolf foar syn hoale mei in ferburgen kamera filme. In nije oanwizing dat de wolf net inkeld troch ús kriten omswalkt, mar him ek te wenjen set.

André Looijenga is dichter fan de moanne augustus by RIXT

@ Staatsbosbeheer

 

wy binne wolf

wy binne wolf
jim skûlje efter hagen, foarby de bosk
jim ha triedden spand, swarte diken getten
jim raze op ljochte tsjillen foar de nacht út
jim sitte yn ’e strûp fan it trochklik-ies
jim wachtet de kâlde tosk fan wyldernis
wy binne wolf

wy binne wolf
jim fergaderje op ynstituten yn jim woastyn
jim woekerje it gers, rôvje aaien, de boaiem leech
jim hingje oan ús sulveren tillefyzjebyld
jim fersitte dei en oere, frettende
wy binne wolf

wy binne wolf
jim tidigje op ús kommen
jim stoareagje troch fierrekikers, kamera’s
jim offerje gjin fjildfruchten mar skiep
wy binne wolf

wy binne wolf
wy gnuve, wy strune
wy bin mei minder, wy binne hear
wy binne wolf

André Looijenga

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *