‘libben sûnder taal’ is in fers fan Geart Tigchelaar.
Underweis nei Brussel foar it poëzyfestival Transpoesie hie Geart de typmasine efterop it pakjedrager. Hy hat minsken frege wat taal foar harren betsjut.
Mei dy antwurden hat er in soarte fan ready-made makke, in soarte fan ferslach fan hoe’t der troch in ryk ferskaat oan minsken tsjin taal oansjoen wurdt.

libben sûnder taal
as taal der net wêze soe
rûnen we byinoar del
in knikje faaks, in skruten hângebeart
dêr wie it dan wol mei sein
of dat krekt wer net
ommers: gjin taal
taal is alderearst kommunikaasje
en dêrnei ferbining
of is dat itselde?
freonen meitsje, oer dysels fertelle
Ik ben Wija.
Ik zit in groep vier en mijn juf heet Lieke.
Mijn lievelingskleur is zeegroen.
Ik ben op verkansie geweest.
taal is oerbringe
ynbringe
rûnbringe
en trochbringe
dyn tinzen wurde bylden yn in oar syn holle
it is dêrmei dyn byld net mear
dat is de krêft
it ritme yn sawol lûd as aksje
it freegjen en befreegjen
en nijsgjirrigens befredigje
it ridskip dêr’tst sekuer mei stjoere kinst
bystelle by need om sa foarút te kommen
sels de kaai nei de siele
al is dat justjes patetysk
taal moat yn alle gefallen echt wêze
moatst nei harkje
goed harkje om ferbining te meitsjen
nei oare talen, oare kultueren
ek al wurdt de werklikheid nea hielendal befieme
soarget it foar sawol begryp as misferstannen
is it dêrom better om wurden te brûken om de stilte te fersterkjen?
leit net krekt dêr de poëzy?
dêr ja
tusken
de
wytregels
e n d e s p a a s j e s
mei oare wurden
sûnder taal is it libben best wol saai
der is gjin app of masine
dy’t dêr wat oan feroaret

