Sjoernaal

Sjoernaal, in fers fan Gerrit de Vries

Foto: Geart Tigchelaar

Sjoernaal

In fatsoenlik minske
docht soks net
Putin stjoert in leger
om in Joad
te denazifisearjen
flats wurde oan pún sketten
raketten fleane
slane yn as bommen
it reint kûgels
hûnderttûzenen
flechtsje
tûzenen stjerre
fermoarde
troch de dwylsin
fan in tiran

wy as fatsoenlike minsken
roppe út namme fan
de frijheid de demokrasy
de minsklikheid it rjocht
hiel hurd

FOEI

en dan no it waar
de sinne skynt
it is drûch
moarn noch itselde

okergiel, djipread, helderblau

okergiel, djipread, helderblau is it twadde moannegedicht fan Bennie Huisman fan febrewaris by RIXT.

 

okergiel, djipread, helderblau

bou foar my in kleurich hûs, okergiel, djipread, helderblau
dat lichtjes boppe de dize sweeft, dochs oan ’e ierde trou

jou my it ljocht, it ljocht fan ’e moarn
dat komt as in gast, as in freon
jou my de skimer dy’t de keamer yn slûpt
mei de kimen oer it wetter noch gleon

bou foar my in kleurich hûs, djipread, helderblau, okergiel
in hûs dat strielt en stilwei glimket as oer in geheim dat it dielt

jou my in tún mei beammeskaad
dêr’t de maityd kleurich bloeit
toan my it skûlgeande slingerpaad
mei ljocht en skaden fergroeid

bou foar my in kleurich hûs, helderblau, okergiel, djipread
dat dûnset mei swierte, dat boartet mei foarm
skamteleas, iepen en bleat

jou my in thús, in tydlik thús
mei iepen doarren foar elts
finsters mei útsjoch op libben en wrâld
en in doar foar myn ûnrêst sels

bou foar my in kleurich hûs, okergiel, djipread, helderblau
dat lichtjes boppe de grizens sweeft, dochs oan ’e ierde trou

 

It liet is hjir te beharkjen.

Winterpinnestreek 8 – Anne Heegstra: ‘oerwinning’

Winterpinnestreek 8 – Anne Heegstra

Fan jongs ôf oan hawwe se my al yn de besnijing. Hoe’t se yn myn jeugd by’t hjerst foar de kjeld út fleagen, my de winter brochten. Ik hâld fan winter. Faak woe ’k as bern yn sa’n formaasje wol mei werom nei harren thúslân fleane. Soms, om oan lyts fertriet te ûntkommen, mar meastal om aventoeren te belibjen. Letter woe ’k sá by harren keppel oanslute om tsjustere tiden te ûntflechtsjen. Mar op seker moment wist ik; der is gjin ûntkommen oan, bist op eigen krêft oanwiisd.

En dochs soe ‘k, ek no noch, sa mei de guozzen meifleane wolle.

Foto: Roel Bos

 

oerwinning

út beferzen oarde komt in gakjen, guozzen
yn de foarm fan fiktoarje harren hoedzjen
tsjin in godfergetten, as stiel sa hurde himel

de hannen spraat, it antlit yn oerjefte
nei it ûneinige keard sjoch ik se gean, as bern
hie ‘k op harren reis faak meifleane wollen

no is dêr it witten fan net te peilen djipten
dy’t we himel neame, dat âlde fielen
soarte fan bekrûping, wizer as ik

se hiene dy earne efterlitten

dochs digeret yn my op wytberime moarn
noch altyd dreamend dat bern nei bûten

 

 

 

 

Wintergast

Zus van Lam debutearret by RIXT mei it gedicht Wintergast / Wintergast.

 

Wintergast

Duistere kou trekt als eerste
Langzaam, bijna ongemerkt naar binnen
Opstandig aanvaard ik de vaste wintergast
Als hij zijn plaats inneemt

Donkergrijs beklemt me ieder jaar
Drijft een wig in grauwe tinten
Maakt zich meester van mijn lijf
Monotoon lamlendigheid scanderend

Poolnachten teren van binnenuit mijn denken
Verzurend de basis van mijn bestaan
Moedeloos toezien hoe
Mijn ziel wordt kaalgevreten

Ik wil vluchten voor de nachten
Waar zware mistigheid regeert
En me willoos door de dagen stuurt
Te moe om te verlangen

Met mijn laatste wilskracht
Luister ik of de geuren willen komen
Zodat ik mijn vleugels uit kan slaan
Naar de klanken van het licht

 

Foto: Geart Tigchelaar

Wintergast

Tsjustere kjeld lûkt as earste
Stadich, der hast ûngemurken yn
Opstannich nim ik de fêste wintergast oan
Wylst er syn plak ynnimt

Dûnkergriis benearet my alle jierren
Driuwt in kile yn skiere kleuren
Bemasteret myn liif, monotoan
Lammenadigens skandearjend

Poalnachten tsjirmje fan binnen myn tinken út
Meitsje soer de grûn fan myn bestean
Moedeleas sjoch ik ta
Hoe’t myn siel kealfretten wurdt

Ik wol flechtsje foar de nachten
Dêr’t swiere dizigens regearret
En my willeas troch de dagen stjoert
Te wurch om te langjen

Mei myn lêste kriich
Harkje ik oft de geuren komme wolle
Sadat ik myn wjukken útslaan kin
Nei de klanken fan it ljocht

Oersetting: Syds Wiersma

it liet fan it freegjen

Bennie Huisman is dichter fan de moanne Febrewaris by RIXT.  Syn earste fers is it liet fan it freegjen.

it liet fan it freegjen

hoe let bist thús? in fraach fan alle dagen
dy’t sa fanselssprekkend frege wurdt
mar achter wat fansels sprekt lizze fragen
oer wat ‘thús’ no eins foar ús betsjut
is it in hûs, in hiem, in doarp, in krite?
in oar, in leafde, in famyljebân?
is it in taal, oertsjûging of in myte?
mei flagge-en feest, it bêste lân? it heitelân?

se sizze ‘thús is dêr’t it hert is…’
en dat it leit ‘oan d‘ein fan elke reis’
mar as it no ris in ferlet is
fan libbens, lang al sykjend ûnderweis?
safolle minsken hawwe in thús ferlitten
binn’ op ’e flecht foar earmoed of geweld
wy ha wol plak, mar litte fyntsjes witte
oan langst en hope moatte grinzen steld

ús eigen rykdom ha wy rûnom stellen
ús eigen rotsoai wurdt nei rûnom stjoerd
en foar ús minske-rjochten moat’ betelle
mar dat begripe sokken faak net goed
we wurde sels ek faak yn twifel lutsen
mar sette fraachtekens by in oar
hoefolle hope ha we sa net brutsen
as immen kloppe op ús tichte doar
as immen kloppe – ek op myn doar

wêr bin ik thús? oait haw ik achterlitten
wat sa fanselsprekkend dy namme hie
sûnt sykje ik, sûnder soms te witten
oft in grins, in doar foar my iepengiet
oft myn siel de rop ferstiet – en iepengiet

It liet is hjir te beharkjen

Winterpinnestreek 6 – Carla van der Zwaag

Winterpinnestreek 6 – Carla van der Zwaag

Foarmen

Foarmen en struktueren binne as gedichten.
Moai linespul is in keunstfoarm troch de natuer skepen.
Fral de grillige foarmen yntrigearje my hieltyd wer.
As bern al koe ik oeren nei de loft sjen dêr’t wolken feroaren
yn fûgels, oaljefanten of hollen fan minsken.
Ast mei oandacht sjochst nei bygelyks de skyl fan in sinesapel,
de bast fan in beam, de ûnderkant fan in poddestoel,
it fel fan in slang of in ruïne oernaam troch floara en fauna,
dan sjochst in oare wrâld.

De ynspiraasje foar dit oardelskonkje haw ik helle út twa foto’s.
De earste foto is makke op Skylge doe’t wy dêr mei it projekt Waailân wiene.
Simen de Jong en ik ha de lêste middei kilometers oer it strân swalke op syk nei de lijte fan in strântinte. Op ’e weromreis hiene wy de straffe wyn yn ’e rêch en koe ik ferskate foto’s meitsje.
De twadde foto is by in dochter thús makke. Dêr binne se oan it knuzeljen. Ear’t de houten muorre fuortwurke wurdt mochten de bernsbern tekeningen op it hout meitsje. Dit popke liket te sinnebaaien mar foar itselde leit it op de rêch yn it wetter te dobberjen.

It is meastal net de bedoeling om útlis te jaan. Dizze kear wol ik in útsûndering meitsje.
Kinst dy beynfloedzje litte troch de grillen, foaroardielen of feroardielingen fan oaren of kinst op jinsels fertrouwe.
Dêrfoaroer kinst it ek sjen as sân dat fleksibel (progressyf) is en hout dat ûnferweechlik (konservatyf) is.
Hoe’t ik nei it oardelskonkje sjoch hinget ôf fan hoe’t ik op dat stuit yn it libben stean.
Soms bin ik sân, soms bin ik hout.