Winterpinnestreek 6 – Carla van der Zwaag

Winterpinnestreek 6 – Carla van der Zwaag

Foarmen

Foarmen en struktueren binne as gedichten.
Moai linespul is in keunstfoarm troch de natuer skepen.
Fral de grillige foarmen yntrigearje my hieltyd wer.
As bern al koe ik oeren nei de loft sjen dêr’t wolken feroaren
yn fûgels, oaljefanten of hollen fan minsken.
Ast mei oandacht sjochst nei bygelyks de skyl fan in sinesapel,
de bast fan in beam, de ûnderkant fan in poddestoel,
it fel fan in slang of in ruïne oernaam troch floara en fauna,
dan sjochst in oare wrâld.

De ynspiraasje foar dit oardelskonkje haw ik helle út twa foto’s.
De earste foto is makke op Skylge doe’t wy dêr mei it projekt Waailân wiene.
Simen de Jong en ik ha de lêste middei kilometers oer it strân swalke op syk nei de lijte fan in strântinte. Op ’e weromreis hiene wy de straffe wyn yn ’e rêch en koe ik ferskate foto’s meitsje.
De twadde foto is by in dochter thús makke. Dêr binne se oan it knuzeljen. Ear’t de houten muorre fuortwurke wurdt mochten de bernsbern tekeningen op it hout meitsje. Dit popke liket te sinnebaaien mar foar itselde leit it op de rêch yn it wetter te dobberjen.

It is meastal net de bedoeling om útlis te jaan. Dizze kear wol ik in útsûndering meitsje.
Kinst dy beynfloedzje litte troch de grillen, foaroardielen of feroardielingen fan oaren of kinst op jinsels fertrouwe.
Dêrfoaroer kinst it ek sjen as sân dat fleksibel (progressyf) is en hout dat ûnferweechlik (konservatyf) is.
Hoe’t ik nei it oardelskonkje sjoch hinget ôf fan hoe’t ik op dat stuit yn it libben stean.
Soms bin ik sân, soms bin ik hout.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *