Winterpinnestreek 8 – Anne Heegstra
Fan jongs ôf oan hawwe se my al yn de besnijing. Hoe’t se yn myn jeugd by’t hjerst foar de kjeld út fleagen, my de winter brochten. Ik hâld fan winter. Faak woe ’k as bern yn sa’n formaasje wol mei werom nei harren thúslân fleane. Soms, om oan lyts fertriet te ûntkommen, mar meastal om aventoeren te belibjen. Letter woe ’k sá by harren keppel oanslute om tsjustere tiden te ûntflechtsjen. Mar op seker moment wist ik; der is gjin ûntkommen oan, bist op eigen krêft oanwiisd.
En dochs soe ‘k, ek no noch, sa mei de guozzen meifleane wolle.

oerwinning
út beferzen oarde komt in gakjen, guozzen
yn de foarm fan fiktoarje harren hoedzjen
tsjin in godfergetten, as stiel sa hurde himel
de hannen spraat, it antlit yn oerjefte
nei it ûneinige keard sjoch ik se gean, as bern
hie ‘k op harren reis faak meifleane wollen
no is dêr it witten fan net te peilen djipten
dy’t we himel neame, dat âlde fielen
soarte fan bekrûping, wizer as ik
se hiene dy earne efterlitten
dochs digeret yn my op wytberime moarn
noch altyd dreamend dat bern nei bûten
Sa moai Anne!
Tanke Froukje.
Prachtig Anne
Tanke Petra.
Wat in moai gedicht. Om stil fan te wurden.
It rekker my djip Anne.