Op de poalen is it (noch) kâld

Hjoed it twadde moannegedicht fan Edwin de Groot, ús dichter fan de moanne maart. Sels seit er deroer: ‘Polariteit is prima. It makket dat it ljocht brânt, molekulen ûntstean en bestean kinne en de ierde beskerme is tsjin de sinnewyn. Mar as it yn de hollen sit fan minsken, wurdt it oars. Dan jildt it eigen gelyk en inkeld it eigen gelyk.’

Op de poalen is it (noch) kâld

Yn de doarpen mei yn de moarntiid
kleurige hoannen en oeral de blossem fan wylde flear
fleagen strieljend wite flinters en hjir en dêr in swartenien

dy´t net âld waard, foel sûnder mis op by de fûgels
oant de doarpen roetige stêden, de wite flinters opfretten
dronken de swarten begearich harren kleur fan de skoarstiennen

ek dat gie foarby en die bliken; it behâld
in betochtsume jas yn de kleur fan piper en sâlt

© Edwin de Groot

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.