BINNE WY DER KLEAR FOAR

Hjir folgje twa gedichten dy’t Heitelânsdichter en Rixt-dichter Tsead Bruinja skreau nei oanlieding fan de oanslach yn Christchurch en de deadlike sjitpartij op it 24 Oktoberplein yn Utrecht. De Fryske oersettings binne fan Geart Tigchelaar en Syds Wiersma. ‘Zijn we er klaar voor’ waard publisearre yn de NRC. It stiet ek op Tsead Bruinja syn webside, lykas it twadde gedicht ‘En dat kan maar de wereld is veranderd’.

https://www.tseadbruinja.nl/

 

BINNE WY DER KLEAR FOAR

kinst der gjin kelder mei blikfoer foar folje
it is gjin wat as se komme want se binne der al
en se binne ûnder ús

slimmer noch wy binne it sels
en it is de smoarchste kant fan ússels
dy’t fan inerlike striid in iepenbier
striidtoaniel meitsje wol

as soe de ferlossing bûten ús lizze
en in hân om de kiel fan ’e fijân
of dyn pik djip yn de ûnwillige skoat fan in oar
ferromming biede

mar dy fijân hat famylje
en dy famylje hat ynternet

en oeral witte se dy te finen
en oars dyn famylje wol

ofst no foar gek ferklearre wurdst
of net

se starte de hate opnij op
hy mei noch in kear

nei dit rûntsje hâldt er op
wier ôfpraat

yn it abattoir spuitsje se net langer
de muorren skjin

© Tsead Bruinja
Oersetting: Syds Wiersma, Geart Tigchelaar

 

EN DAT KIN MAR DE WRÂLD IS FEROARE

wiuwst dyn frou út
wiuwst dyn man út

stjoerst dyn bern nei skoalle ta
en ferwachtest har sûn en wol werom

dat komt it berjocht
lockdown swart op ’e strjitte
net ien mear nei bûten ta
net ien mear nei binnen ta
doarren ticht

skrolst en ferfarskest de side
tinkst wie er mar op ’e fyts gien
hie er dy tram mar mist

en draafst en sikest beskûl
en fregest dy ôf haw ik tsjin har sein
wat ik sizze woe

dat se myn wrâld is

stjoerst in appke mei oan ’e ein
in smiley mei tútlippen

ferwachtest in reaksje
mei in hertsje op itselde plak

ferwachtest dyn frou dyn bern dyn man
nei dizze lange dei kjel
en geef

sûn en wol yn dyn earms werom

© Tsead Bruinja
Oersetting: Geart Tigchelaar, Syds Wiersma

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.