de man rint op hûs oan

In gedicht fan Tsjisse Hettema nei oanlieding fan de berjochten oer it fuort-egalisearjen fan histoaryske skiedingssleatten en beamwâlen om Bitgum/Bigummole hinne troch de boeren. Hettema groeide op yn Bitgum. It proses dat dêr en ek oars yn de provinsje plakfynt, makket him mismoedich.

FNP: coulisselandschap ‘fan provinsjaal belang’

de man rint op hûs oan
ûnder him trillet it lân
nei in nije oardering

in helm soe er hawwe moatte
mei de modernste middels
om de rûs fan midsiuwske wettergongen
benei te kommen

woartels lizze neaken
boppe de grûn gûle de beammen
fol yn blêd
neist djippe kraters
spoekgûle de geasten

patroanen sjitte hinne en wer
troch de holle fan de egalisearder
doof tinken rommet elk gefoelich lûd

sa moai linich lit
hûnderten jierren skieding
him oan kant skowe

gjin punt

Bestean en net

Troch it gedicht ‘Rigels‘ fan dichter Jacobus Smink (okkerdeis ferskynd op Ensafh) skeat Edwin de Groot, by RIXT moannedichter fan maart, in gedicht fan himsels yn it sin. In fariaasje op de problematyk fan Jacobus. Der binne rigels, mar tagelyk binne se der net. Sa as Ettore Majorana, de geniale natuerkundige al yn de foarige iuw (jierren ’30) bewearde dat der dieltsjes wêze moatte dy’t harren eigen anty-dieltsje binne. Se binne der dus wol, mar ek wer net. Net te befetsjen, krekt as dy rigels dy’t der net binne, wylst ik se foar my haw.

Bestean en net

foar Ettore Majorana

neist it bêd pinne en papier foar as
yn de ferljochte gewichtleaze moarnsdreamen
dêr’t de natuerwetten net jilde, wurden yn, út en
troch it brein fleane, ik sûzerich de notulen meitsje

by werhelling blykt dat om ’e nocht
ynfallen yn it rûnom as hinnefoer delstruid
sa ûnbegryplik en ûnmooglik as de Penrosetrep

matearje tagelyk anty-matearje, in fel fol in fel leech
wat skreaun is dearlik te sink gien
sa as Ikarus foel

Hinke Veenstra nije dichter fan RIXT

Hinke Veenstra is yn 1958 berne yn Garyp en wennet sûnt 1993 yn Drachten. Klank, kleur en foarm spylje in grutte rol yn har libben. Dat is net allinnich werom te finen yn har gedichten en fotografy, mar ek yn har skilderijen. Hinke har wurk giet oer har sykjen nei de betsjutting ‘efter de dingen’. In oantal teksten fan har binne op muzyk set en te finen op YouTube.



MAITIID

suver neaken
makket se har yntree
krekt of komme we
har oer ‘t mad
ûnopfallend nimt se
har posysje yn
it hat mei skamte
neat te krijen
se nimt de tiid
har mei laachje
foar laachje
oan te klaaien
en docht dit
mei belied

Lês en sjoch fierder by RIXT

Wolkom flomke

Hoe koene wy
salang sûnder dy,
ha wy slomme?
Do hast, mei dysels,
ús hert ferromme!

Wolkom flomke
op ’e wrâld!

Fuort mei de flodze
en de prom,
tenei bisto it,
dêr’t ús bestean
om draait!

Wolkom flomke
op ’e wrâld!

Ferjit de fagina,
de fulva,
de kut en de kuntha.
Sa eigen bisto,
as hiest der altyd west!

Wolkom flomke
op ’e wrâld!

In bytsje preuts
of ûnbeskromme,
elk kin dy fine
snoad of dom
en sûnder tomtom!

Wolkom flomke
op ’e wrâld!

It bloed sil troch
d’ieren swinge!
Fan no ôf oan
silsto de Friezen
op d’ierde bringe!

Wolkom flomke
op ’e wrâld!

Mei dy
binne wy
de takomst treast.
Preast!
Op flomke!

Wolkom flomke
op ’e wrâld!
Wolkom, flomke
kom!

@Janneke Spoelstra

Trijefâldige les: Oer hoe’t jo komme by it krûpyntsje

Yva Hokwerda skreau trije farske flomke-fersen en droech dy ôfrune woansdeitejûn foar op de Grote Vaginavond fan Iepen Up Live. Jo kinne se noch even rêstich neilêze.

Trijefâldige les: Oer hoe’t jo komme by it krûpyntsje
(foar de IepenUp Vaginavond, Ljouwert, 27-02-2019)

Les 1
De fagina dêr’t jo faaks oan tinke is in konsept fan 3 dielen

As jo by Fagina tinke: KUT!
en dan dat labiale plaatsje foar jo sjogge,
dan ha jo it by de koarte ein
jo binne mis. Man, jo binne ’n sleauwe tut.

Klik hjir om fierder te lêzen (pdf)

Fantastic plastic

Janneke Spoelstra har twadde moannegedicht giet oer plestik. In ûnderwerp dat hieltyd aktueler wurdt. Justerjûn 13-02-2019 by Iepen Up Live stie de hiele jûn yn it teken fan Plastic Fantastic. Janneke slute de happening ôf mei har gedicht ‘Fantastic Plastic’. Geart Tigchelaar wie derby en filme it.

Fantastic Plastic

De krêft fan plestik learde ik al jong kennen:
sa wie ik in kear mei ús mem
by pake en beppe te teedrinken
en beppe joech ús in koekje by de tee.

It wie gesellich sa mei-inoar, oant
pake it plestik bakje, dêr’t de koekjes
út kamen, en dat leech op ’e tafel
stie, byinoar frommelje woe.

Syn âlde wrottershannen krigen it bakje
wol wat yninoar, mar sagau’t se los lieten,
sprong it, mei heechút wat falske tearen,
wer yn ’e oarspronklike foarm
op it plusen taffelskleed werom.

Pake seach der mispriizgjend nei
en besocht it op ’e nij. Wer griepen
de ronfelige hannen nei it glinsterjende bakje.

Hy kniep en kniep, de readblauwige ieren
op ’e hannen setten derfan op. Beppe en mem
en ik holden de siken yn. Oant op ’t lêst
ús mem sei: ‘No, dat slagget echt net, hear.’
Hoe’t pake doe nei har seach…

en hoewol’t it noch mar om ende by 1970
wie en pake goed mei syn skoandochter koe,
it lei, as ik der no oan weromtink,
der allegear al yn besletten: ús wrakseljen mei
plastic soup/sop yn ’e oseänen, it wurkstik
fan Boyan Slat, MSC Zoe har konteners yn
ús seeën, de fersen op www.rixt.frl
en sels de tema-edysje fan Iepen Up,
sa’t Obe Postma al sei: ‘alles is yn alles’
… mar ús mem hie gelyk. Loslitten wie it bakje
noch hieltyd in bakje. It gniisde ús fan
de tafel ûnferwoestber oan.

‘Ik bin Fantastic Plastic,’ rôp it,
‘en net stikken te krijen!’

 

‘Ga je mee, Geert?’

Op 7 febrewaris wie der in grutte klimaatmars yn De Haach mei sa’n 15.000 skoalbern en oare sympatisanten. Geart Tigchelaar wie mei de trein ôfreizge om ek it Binnenhôf te bestoarmjen, dêr’t hja lykwols opkeard waarden. Nettsjinsteande is der in dúdlik sinjaal ôfjûn, dêr’t hooplik wat mei dien wurdt, al soe it allinnich mar wêze dat minsken wat bewuster wurde. Lykwols is der ek altiten lytser leed dat de grutte problemen oerskaadzje kin…

Foto: Geart Tigchelaar

 

 

© Geart Tigchelaar