Dichter Syds Wiersma soe no troch Ierlân reizgje om dêr in poëzybondel ôf te skriuwen. Mar Ierlân leit op ’t heden fierder fuort as it eilân Itaka. Wy binne reizgers op oardel skonk wurden, tocht Wiersma. Dat brocht him op it idee foar in nije dichtfoarm. Ien dy’t past by de oardelmeter-mienskip dêr’t wy yn bedarre binne. Hjoed wurdt it Oardelskonkje lansearre. Hjirûnder leit Wiersma út hoe’t it wurket.

‘It Oardelskonkje soest de krisisfariant fan de haikû neame kinne. Miskien is it ek in goed alternatyf foar dat freeslike Elfje, dat in soad learkrêften as poëzy ferkeapje oan bern.
It Oardelskonkje wurket hiel ienfâldich. It telt 15 wurden ferdield oer twa strofen. De earste strofe hat 10 wurden en de twadde 5. Getalsmjittich is it dus mei rjocht oardeheal en fisueel liket it op in oardel skonk (sjoch de foarbylden ûnder).
It Oardelskonkje is op syn bêst as der in ‘chute’ tusken de beide strofen sit, dat wol sizze in ‘kear’ (wending). Sa’t wy dy bygelyks ek yn it sonnet tusken it oktaaf en it sekstet fine. Hokfoar kear oft dat wêze moat? Dat is folslein oan de dichter sels. In tsjinstelling, konklúzje, ferbylding fan it foargeande, grap of amen. It mei allegear.
De foarm fan it Oardelskonkje is frij. Metrum mei, hoecht net; rymje mei, hoecht net.
Kinst Oardelskonkjes ek oaninoar riuwe, sa’t de âlde Japanners dat faak diene as hja mei in groep dichters ûnderweis wiene en inoar haikûs fuorren om op troch te dichtsjen.
Oer haikûs praat, it soe nijsgjirrich wêze as Tresoar ris in eksposysje makke oer de haikû yn de Fryske literatuer. Mar lit ús Bert Looper no earst mar traktearje op in kontenerfol Oardelskonkjes, sadat Tresoar dêr hiel OBE mei folplakke kin. Dat soe in moai earbetoan wêze oan nammejouwer Obe Postma, dy’t doe’t er al mar âlder en as dichter produktiver waard op oardel skonk troch de stêd skowe moast.’
No folgje in pear foarbylden fan Oardelskonkjes dy’t Wiersma de ôfrûne dagen skreaun hat. It jout in yndruk. Fansels is it noch in foarsichtige pilot. It kin allegear noch folle útwrydsker, djipsinniger, grappiger, stikeliger, poëtysker.
Spread the word! Lit ús mei-inoar in stevige literêre poat (skonk) ûnder de oardelmeter-mienskip stekke. Hâld hoek, freonen!
Oardelskonkjes © Syds Wiersma ûntdekst fan alles yn karantêne bygelyks dat útbloeide tulpen mear mei dy dogge as bloeiende nimmen wit hoe breed oft de tafelberch is tiid genôch om te bûgen as Japanners ut het nooit was weest ’t sal oek nooit wat wurde in de bossen fan Seist jou my Rutte mar, praat dy sa út ’e put syn hâld-hoek-wrâld yn Brok: wy hawwe no op oare wizen kontakt mei elkoar de dyk sil ’t lân omklamje ús harsens binne aldergeloks plastysk, jou se even de tiid binne wy harsenspield wer bliid yn syn peasketún sei Jezus al hâld my net fêst ús ferlossing kriget serieus foarm wat wurdt it nije normaal yn de Fryske literatuer? wannear sil de Twibak dêroer gear? it needlotsmotyf fan Tsjaikovsky op thé-dansant by god bist ree ta de beblynkape draaimole leafde? se liket op hár seach 'k juster, dêrom hakt se deryn deselde sprong in wisse plomp njoggentjin jier lyn kaamsto te wrâld fiif wiken te betiid fine, wûndersterke tried dyn ûnthjit wat in beam! yn twa wiken in timpelnêst fan blêd mar hark, de spotske aksterskjirren
In nijsgjirrige útdaging. Sil it ris besykje.
Benijd, Albert. Stjoer mar yn!
redaksje@rixt.frl
Hoeveel haiku/senryu/tanka kunnen jullie aan? Ik schreef er honderden. De meeste zijn (ook met hulp van Klaas Bruinsma) drie-talig (Frysk-Engels en Hollands) en omgebouwd tot klank-beeld-gedichten. Groetnis, Henk.
Het door mij ingezonden oardelskonkje is ook in jo memmetaal.
Hoi Henk, ast se net earder publisearre hast, kinst se ynstjoere, oars net. Dyn oardelskonkje stiet yn it Frysk op de side.