Oprop: De Fyftjin FF’en fan Frij

Fan 21 april o/m 5 maaie wolle wy op de webside fan RIXT fyftjin gedichten oer it tema frijheid publisearje. Alle dagen ien, de lêste op befrijingsdei. Wy roppe jim op om in gedicht te skriuwen nei oanlieding fan in F-wurd yn relaasje ta Frij/Frijheid. Wat betsjut frijheid foar jim? Wat is it yn dizze dagen fan ynternasjonale krisis? Wat makket ús frij en/of ûnfrij? Wêr hat frij wêze foar jim mei te krijen? Hokker F-wurd soene jim sintraal stelle wolle? Ferset, freonskip, ferskaat, firus, flomke, fernuvering, flage, f*cking, ferlossing, finzen, fangnet, frysk, ferlies, fegetarysk, ferantwurdlik, ferkearing, fantasije, fiksje, faksinaasje, fibraasje, ……ensafh….

By de letter F hast yn it Frysk kar-út. Jim ynstjoerings wurde foarlein oan ús redaksje. As der mear as fyftjin ynstjoerings binne, makket de redaksje in seleksje. Gedichten yn alle talen binne wolkom. Jimme hawwe in moanne oan tiid.

Ynstjoerings kinne oant uterlik 15 april maild wurde nei ynfo@rixt.frl Dêrnei sil de redaksje gear oer jim ynstjoerings.

Der wurdt ien gedicht troch de redaksje bekroand. De skriuwer fan dat gedicht krijt njonken de eare ek in eksimplaar fan ‘Arbolarium‘, de ynternasjonale bondel dêr’t in gedicht fan RIXT-dichter Geart Tigchelaar yn stiet.

foto: Geart Tigchelaar

De oprop giet út fan it bestjoer en de redaksje fan RIXT.  Oer de útslach kin net korrespondearre wurde.

Frysk Deiblêd siket poëzy en keunst

Doe’t dichter Eppie Dam hearde dat yn Italië en Spanje de folkslieten fan ‘e balkons ôf songen waarden, ynspirearre him dat ta syn ‘minskeliet’ dat it Frysk Deiblêd woansdei publisearre. Yn neifolging dêrfan wol it Deiblêd de kommende tiid mear romte jaan oan gedichten, skilderijen en oare keunstuterings dêr’t yn ‘e taal fan keunsten wurden mei fûn wurde ta treast en ferbining of foar hope, eangst en oare gefoelens om de koronakrisis hinne.

Sa wol de krante in poadium biede oan keunstners yn kultureel stille tiden. Poëzy, (foto’s) fan tekenings of oare kreäasjes binne yn te stjoeren fia cultuur@frieschdagblad.nl. Graach mei fermelding fan namme en telefoannûmer.

foto: Geart Tigchelaar

 

Tiid om nei te tinken mei Aggie van der Meer

De measten fan ús sitte wat mear thús as oars. Sa ek Aggie van der Meer yn har wente yn It Menniste Skil yn Boalsert. Alle dagen sil Aggie in stikje skriuwe yn de Ljouwerter Krante oer it thússitten. Woansdei 18 maart sette se útein: “ik nûgje net ien út.” Mar fansels binne it wol útnûgjende stikjes om te lêzen en om nei te tinken.

Ljouwerter Krante fan 18 maart 2020, side 2

 

Geart Tigchelaar opnommen yn “Arbolarium: De los cinco continentes”

Geart Tigchelaar stiet mei it Fryske gedicht ‘njoggen nachten’ yn de mânske blomlêzing Arbolarium. Dat is in Kolombiaanske blomlêzing fan 148 dichters, fan 78 lannen oer fiif kontininten, fandêr de ûndertitel De los cinco continentes.

foto: Geart Tigchelaar

An anthology of songs: songs that human beings address to the trees: songs of the trees who borrow human beings’ voices. In the nahuatl language, poetry is flowers and songs; in this book, poetry is trees and songs. And in plural: trees, songs, poems, poets, cultures, languages. So that this book is a homage to diversity, in its widest significance – that of the whole nature.

Dit boek, “a forest of voices, hat as haadtema beammen. Stipe en opbringsten fan it boek gean dan ek nei organisaasjes foar it behâld en oanplantsjen fan bosk en beammen yn Súd-Amearika. It is oersetten nei it Ingelsk en Spaansk mei help fan oersetters fan de Antoine Berman Literary Translation Workshop fan de Universiteit fan Antioquia.

Tigchelaar hat him ynspirearje litten troch de libbensbeam Yggdrasil dêr’t de god Odin (of Weda yn ’t Frysk) út ’e Noarske mytology njoggen nachten oan hong om wiisheid en kennis fan ’e runen te ferkrijen. Tegearre mei Erik Jan Harmens binne hja de twa iennichsten út Nederlân

foto: Geart Tigchelaar

Hjirûnder is ek de Spaanske oersetting (troch Daniel López) te lêzen.

foto: Geart Tigchelaar

 

 

Grinsgongers: ferhalen mei muzyk fan 8 o/m 19 maart

Y.f.m. it koronafirus binne alle aktiviteiten fan Boeken fan Fryslân útsteld.

Hoe floeiber kinne taal en tinken wêze? Baukje Zijlstra (Ljouwert) en Sytse Jansma (Harns) wurkje yn in meartalige werklikheid. Beide sykje de grinzen op fan harren libbens- en tinkwrâld en de rol dy’t taal dêryn spilet. Yn it programma ‘Grinsgongers’ fertelle beide skriuwers, stipe troch muzyk, hjir oer.

Sytse Jansma is skriuwer en byldzjend keunstner. Yn 2018 is er nei it International Kistrech Poetry Festival ôfreizge. Syn ûnderfiningen hat er ferwurke yn in searje ‘Kenia-Kozelek’ ferhalen. Baukje Zijlstra is skriuwer en redakteur. Yn 2019 wûn se de D.A. Tammingapriis foar it bêste proazadebút fan de fiif foarôfgeande jierren, foar har roman  De koma-korrektor. Ein 2019 hat se  Leon & Juliette, it boekewikegeskink foar 2020 fan Annejet van der Zijl, yn it Frysk oerset.

Tusken Ljouwert en Amsterdam, tusken Bogiakumu en Jakarta, tusken Charleston en Monster lizze wrâlden fan ferskil en oerienkomst. Sljochtet taal grinzen, of smyt taal just grinzen op? En wat docht it mei dyn wêzen asto in grinsgonger bist yn dyn eigen libben?

Mei de Boekewike reizgje beide skriuwers mei it programma’ Grinsgongers’ troch de provinsje.

8  maart, 15.00 oere by Het Brouwdok yn Harns

13 maart, 20.00 oere by OBE yn Ljouwert

19 maart, 20.00 oere by dBieb yn Burgum