Rigel fan Rink [dei 4]

Fan 1 oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ‘e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde. Alle dagen komt der in nij twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt,  dat de namme ‘De bui‘ krigen hat.

Foto: Geart Tigchelaar

Hjoed hawwe dichters Carla van der Zwaag en Tialda Hoogeveen by it Arkje oan harren strofe wurke.

‘Puzelje mei wurden en bylden … en it ferfolch!’

Tialda Hoogeveen en Carla van der Zwaag oan it wurk op it Arkje. Foto: Geart Tigchelaar

Harkje hjir nei it deistige tillefoantsje mei Omrop Fryslân  om it groeien fan it gedicht, dat de namme ‘De bui‘ krigen hat, te folgjen. Tialda is earst even oan de line, mar fanwegen in minne ferbining is se echt te hearren om 15:46 oere en Carla draacht it fers foar om 15:48 oere.

Tialda Hoogeveen ferkent it petgat. Foto Geart Tigchelaar

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *