Tialda Hoogeveen

Tialda Hoogeveen (Haskerdiken, 1974) is skriuwer, dichter en sjoernalist en skriuwt yn it Frysk en it Nederlânsk, foar bern en foar folwoeksenen. In gedicht begjint by har mei in byld of gefoel, dêrnei komt it puzeljen mei wurden.

Sy hat inkele losse gedichten publisearre yn bondels. Sa is yn 2011 nei oanlieding fan de Turing Nationale Gedichtenwedstrijd ‘Was de was’ opnaam yn Dansen op de maat van het ogenblik. Foar de bondel Er zit een feest in mij! Querido’s Poeziëspektakel 5, levere sy it gedicht ‘En/of God bestaat’.

De lêste jierren skriuwt sy ek yn it Frysk. De resultaten dêrfan binne te lêzen yn ferskate bondels. Sa stiet ‘Yn ‘e fierte’ yn Nearnewâld, it jubileumboek fan it Skriuwersboun, yn It grutte foarlêsboek diel 2 is ‘Oer Rosa (mar mear oer Hinke)’ te lêzen en ‘Tichterby’ stiet yn Minnezinne in moerstaal, in bondel mei eroatyske gedichten skreaun yn streek- of stedstalen. Ek binne har gedichten te finen yn de tydskriften Tsjek en LinKk.

Fierder is poëzij foar har in wichtich part fan de lessen of workshops dy’t sy jout oan bern op de basisskoalle.

Links nei inkele gedichten binne hjir te finen:
Yn ’ e fierte
En/of God bestaat
Oer Rosa (mar mear oer Hinke)

Ynstjoerde gedichten
Winsken twirje (4 maaie 2021)

sa lang al bang

ik bin der wis fan
wier, der sit in man

in lyk, hy past
krekt yn myn kast

efter de doar
stiet noch in oar

it âld skelet
raast en kreaket

eagen wiid iepen
doar net te sliepen

krij ik se hjir wei
is it al hast dei

nacht al sa lang
sa lang al bang

© Tialda Hoogeveen