simmer yn fryslân

‘simmer yn fryslân’ is Andrë Looijenga syn earste moannegedicht foar RIXT fan de moanne july. It fers is skreaun skreaun nei oanlieding fan it net trochgean fan it skûtsjesilen.

Foto: Geart Tigchelaar

 

simmer yn fryslân

lit ús de skûtsjes dan mar dreame
as ûnder hurdstiennen loft de mar
rein garret yn de wyn

lit feesttinten mar loftspegeling wêze
as de sinne toarstich lôget oer
de stoppelburdsjes gers

lit by skimer ús in iepenloftspul
herinnerje fan twa jier lyn as
lysters fan ’e dakken sjonge

lit ús de film mar ôfspylje fan doe
alle simmers sa’n selde fryske simmer

en as alle simmers sliepe

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *