Kristalûntfangers foar pake

‘Kristalûntfangers foar pake’ is Cornelis van der Wal syn earste moannegedicht fan Oktober 2021.

Foto: Geart Tigchelaar

​ Kristalûntfangers foar pake

It ljocht tongere boppe de glânzgjende blommen
fan it âlde lân, dêr’t de swalker syn fersen song,

de hiemdogge syn tosken mei soere flibe slypje soe.
Guon boeren wisten wat der barre moast, de oere dat

pake mei de skou it swarte kanaal ynfarren kaam.
Troch kristalûntfangers wist elkenien fan syn komst.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *