‘It mantsje skriuwt in boek’ is Cornelis van der Wal syn twadde moannegedicht fan Oktober 2021.

It mantsje skriuwt in boek
De heuvels binne de helden fan it flakke lân,
sjoch: dêr rint in mantsje oer it skulpepaad.
It mantsje gûlt, it is net sa goed mei de holle.
Toarnbeistrûken skramme syn wangen,
op ‘e strjitte en op ynternet gnize se him út.
Hy skeart him net mear en mist in tosk.
De buorlju sizze: it mantsje skriuwt in boek
oer nuvere saken, dy’t wy net begripe.
Fûgels mei eagen fan fisk sjonge yn de strewellen.