‘Doppler-effekt’ is Rein de Lange syn twadde moannegedicht fan juny 2021.

Doppler-effekt
hja heart dit amper
stimmen sa traach
apparaten efter earen
tin hier foarmet fitraazje
in stillibben mei geraniums
neat bliuwt itselde
hear mar: hege toanen
komme der al oan, de lege
nimme alle âlde lûden mei