Wat in dei!

Janneke Spoelstra is de moannedichter fan Septimber 2021 by RIXT. ‘Wat in dei!’ is har earste moannegedicht.

‘Fire in the sky’, foto fan Edwin de Groot.

Wat in dei!

de middeis wie ik yn ’e Koperen Tún
by de oanbieding fan De wrâld yn
bitterswiet, it boek mei 82 oersettingen
fan it fers ‘Bitterswiet’ fan Tiny Mulder,

dy’t tachtich wurden wie, myn namme
stie ek efteryn, ik hie it adres fan it NGTV
trochjûn of sa en stie dus as kontaktpersoan
yn it bestân, hoe dan ek, ik wie derby en

hearde efter my wat oer fleantugen en
dat Tiny har soan ek yn Amearika wenne,
it wie in fleurige middei mei muzyk en poëzij
dêrnei gie ik mei in pear stúdzjegenoaten Frysk

fan ’e NHL nei in broadsjesaak om in broadsje
kroket, der wie in telefyzje yn in hoeke, dêr’t
fleantugen op wiene en flats, wy moasten
avensearje want we soene les hawwe fan

Jan Popkema op ’e FA foar de feroaring om’t
wy dêr jûns mei-inoar nei in lêzing soene, we
hiene de les yn ’e âlde kofjekeamer, en ik
wie dêr thús, want ik wurke dêr al fjouwer

moanne, fuort nei de les stutsen wy de
tún oer nei It Aljemint, dat krekt in jier
Kongressintrum wie, yn ’e grutte seal boppe
soe Annet van der Hoek, lid fan ’e Twadde

Keamer sprekke, se kaam wat letter, fanwegen
de omstannichheden en sei wat oer de
grutte wrâld en dat wy yn It Aljemint dochs
mar gewoan ús dingen dwaan moasten

it waard in nijsgjirrige jûn, oer lytse talen
goed tsien oere ried ik foldien nei hûs

it thúsfront siet mei fjouwerkante
eagen foar de telefyzje, der wiene
alwer fleantugen en flats foar

‘is der wat gebeurd?’, frege ik

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *