Sytse Jansma

Sytse Jansma wennet yn Harns. Hy is dichter en makket û.o. ek animaasjefilms. Hy publisearre de Frysktalige dichtbondel Wa’t tate seit moat ek whisky sizze en de twatalige bondel As nomaden yn tinten teplak / Als nomaden in tenten terecht. Yn 2016 wurke er tegearre mei Yke Reeder oan it printeboek foar bern Wapper.

Syn animaasjefilms binne fertoand op in ferskaat oan (ynternasjonale) filmfestivals. Yn 2018 makke er fisuële poëzij op ien fan de fjouwer poëzijmasines yn Tresoar. Hiel 2018 wurde dy tentoansteld.

Mear ynfo: www.sytsejansma.nl

Ynstjoerde gedichten
Dat dit ta de mooglikheden hearde (28 maart 2019)