kear it gewear

It gedicht is skreaun foar de demonstraasje tsjin de Hubertus-fiering yn it bysûnder en tsjin de jacht yn it algemien. It wie organisearre troch Partij voor de Dieren en Animal Rights. De demonstraasje en de stille tocht hie plak op 5 novimber lêstlyn. Dêr is it fers ek foardroegen troch de dichter, Geart Tigchelaar.

 

Foto: Siska Alkema

 

kear it gewear

is it it omruiljen fan dyn maatpak
foar de outdoor-klean mei kamûflaazje

of it oerynstinkt datst net ûnderdrukke kinst
de adrenaline ast dat haske rekkest

of is it faaks dat fabeltsje fan natoerbehear
datst dysels en al dy oaren foarhâldst

of is it dochs dy twa miljoen deadlike slachtoffers
en dy twa miljoen healdeade slachtoffers

dat warleaze knyntsje yn dyn fizier
dy wjuklam sketten ein

sis my jager wêr dochst it no eins foar
en sis my net datst it úteinlik foar de lol dochst

Sweefmole

Sweefmole is in fers fan Carla van der Zwaag.

Foto: Johanna Buwalda-Friso

 

Sweefmole

Mislik yn de sweef,
mar dochs sa bliid
mei wat Wilhelminadûbeltsjes.
It wie in moaie bernetiid.

Sus en ik swaaiden en sweefden,
ik wit it noch skoan,
fan it jild fan sûkeromke
dy’t ús yn de grûn bedoar.

By it âlder wurden
hearden wy wêrom.
Troch omke’s NSB-ferline
waard er finzen nommen.

Heit die alle war en krij him frij
út it nei-oarlochse gefang.
Hy skreau in protte brieven
mei útlis oer Dútserstwang.

Omke woe syn gesin beskermje,
hie nea ien ferret,
warskôge sels minsken.
Sa waard syn frijheid beret.

Ut tankberens wie omke sa gol.
Mei oare eagen sjoch ik no werom.

 

yn dizze neakene stêd

Bauke Terpstra debutearret by RIXT mei ‘yn dizze neakene stêd’.

Foto: Bauke Terpstra

 

 

yn dizze neakene stêd
hearst tuskentroch
it ferrin fan tiid

fallen

yn parten
wêrfan’t it tocht
ûnderskied te meitsjen
ta wichtich en lit mar rinne

mar ynstee dêrfan
krûpt it swarte beest
troch stege en lytse herne

it wol my bite

jonkje

Sipke de Schiffart is dichter fan de moanne oktober by RIXT,  jonkje is syn twadde moannegedicht.

jonkje,

nea silst dit lêze, bin ik bang,
silst nea witte dat ik oan dy tink,
dat ik dy nea ferjitte sil

do stiest foar in soad oaren,
al krigest gjin tiid
om in deiboek te skriuwen

op in filmke seach ik datst meiskuord waardst
troch in folwoeksen keardel, yn dyn koarte broek,
mei dyn tinne skonkjes, hoe âld bist – seis, sân?

ha se dyn âlden libben ferbaarnd,
pake en beppe deasketten, dyn suster ferkrêfte
en dyn broerke de holle ôfhakke?

dyn belager klemde dy ûnder it rinnen
fêst mei in earm ûnder dyn oksel,
in earm dy’t tsjokker wie as dyn skonkjes

fan wa wie dy earm?

hy is fan alle antysemiten op ’e wrâld!

ik treastgje my mei de gedachte
datst eins net folle ferliest
oan in libben dêr’t yn barre kin
wat dy oerkaam is

der heart in grapke by

Sipke de Schiffart is dichter fan de moanne oktober by RIXT.  Der heart in grapke by is syn earste moannegedicht.

 

der heart in grapke by

kuierjend oer it gemeentlik hôf yn Harns
seach ik twa neistinoar lizzende sarken

op in grêfsark fan granyt
lei in wyt, ovalen stientsje
mei de tekst ik mis dy;
op de marmeren grêfsark dernjonken
lei in read stientsje yn de foarm fan in hert
dêr’t yn wite letters op stie
ik hâld fan dy –

it wite, ovalen stientsje
lei ik op de marmeren sark
en it reade, hertfoarmige stientsje
op de graniten sark

foldien kuiere ik fierder

Lêste sprong

Nij fers fan Lara Kool

Foto: Lara Kool

Lêste sprong

De earste stap altyd in sprong
tosken efkes op inoar
happend nei de siken
Kâld
sa kâld

Tiid hat gjin betsjutting mear
tinzen yn it hjir en no
neat hat noch gewicht
Stil
sa stil

Alles helder, de rûs foarby
fielen gjin needsaak
ferjitte in hearlikheid
Kalm
sa kalm

Yn it wetter bin ik my
Frij fan lûd, lea, emoasje
hoech allinnich mar te
Wêzen
allinnich wêze

Wêrom werom?
Is ferdrinke wier sa slim?

oan ’e igge

Henk Nijp is dichter fan de moanne septimber by RIXT, ‘oan ‘e igge’ is syn twadde moannegedicht.

Foto: Henk Nijp

oan ’e igge

wer dûnsje wy de slowfox fan it stil fertriet,
wurden dy’t wy nea sprutsen
spegelje de romte tusken de paskes,
âlde patroanen as nerven yn ’e flier,
wy witte linken fan de râne en de hoed,
fan de foarke oan ’e stôk

dagen glydzje troch de mesken fan de tiid
ferdwine yn it sinkgat fan ’t ûnthâld,
wat oerbliuwt binne relikwyen
fan in libben oan ’e igge fan ’t bestean,
– faaks diene wy te hurd ús bêst,
skipbrekkelingen fan it lot

fine wy wjerklank yn ússels, of by de oar,
oer it rjochte paad of fia de omwei fan ’e leagen,
is it lotter leffens of inkeld ûnfermogen,
ommers in hiemhûn hapt allinnich lucht en nea de proai,
libbet tusken keatling en de koer,
ûnthellet jankend elke jûn opnij de moanne

as op ’t lêst it ljocht wer oangiet,
snaar- en slachwurk swije
huverje wy yn iere moarnsdamp,
ús earmen sakje, paskes wurde passen,
ik stjoer dy langer net, do draaist sa grasjeus net mear

yn ’e fierte kraait in hoanne trije kear