Josse

Pier Boorsma, nij by RIXT, is dichter fan de moanne desimber. Syn earste moannegedicht is ‘Josse’.

Foto: Geart Tigchelaar

Josse
 
syn heit ferkocht -as it him utkaam-
petroalje
sa net dan gong er
sûnder iten nei de kweekskoalle
de fammen yn syn klasse gniisden
hij hie twa ferskillende sokken oan
hij rekke fereale op ien fan de fammen
mar doarde har net te freegjen
wat stelde hij eins foar
as soan fan in petroaljeman
letter skreau er in roman
oer de nearzigens fan syn doarp
doe’t er him ûntjoech as skriuwer
telde hij einliks mei

oogcontact

‘oogcontact’ is in fers fan Ina Schroders-Zeeders

 

Foto: Geart Tigchelaar

oogcontact

ljouwert. station leeuwarden
zij met boerka en gezin
boze man en puberzoon
ik alleen met natte haren en mondkapje

de trein dendert weg
deinum. station deinum
de man slaapt
de puberzoon mokt, rug naar haar toe
we stoppen

haar ogen en de mijne
spreken zwijgend met elkaar
die van haar rollen dat ze lastig zijn die twee
dat ze er weleens genoeg van heeft

dat ik het snap, zeggen mijn blikken
we lachen stil in kraaienpootjes
de man slaapt door, de puber zwijgt
we gaan verder

dronryp. station dronrijp
in de zwarte spiegel van de avondlucht
vinden onze ogen elkaar weer

onze gezichten versmelten
de puber wil al uitstappen maar ze pakt hem beet
we vertrekken

de trein mindert vaart
frjentsjer. station franeker
ze moeten er uit
de man slaapt nog steeds

ze kijkt even vragend naar mij
zal ik … zeggen haar wenkbrauwen
nee zeg ik stil, dat kun je niet maken

we glimlachen
ze zucht spijtig
en schudt hem wakker, schreeuwt in zijn oor

hij schrikt terug in zijn boze realiteit
ze verdwijnen, hij moppert
in het witte licht van het perron

de trein dendert door
de trein dendert door
harns. station harlingen

haar ogen blijven nog even
in de mijne weerspiegeld
er stapt niemand in of uit

harns haven. station harlingen haven

 

eachkontakt

leeuwarden. stasjon ljouwert
sy mei boerka en gesin
lilke man en adolesinte soan
ik allinne mei wiete hierren en mûlkapke

de trein dinderet fuort
deinum. stasjon deinum
de man sliept
de soan stumet, rêch nei har ta
wy hâlde ho

har eagen en mines
prate swijend mei elkoar
dy fan har rôlje dat hja lestich binne dy twa
dat hja wolris har nocht der fan hat

dat ik it begryp, sizze myn blikken
wy laitsje stil yn lytse kraaiepoaten
de man sliept troch, de soan swijt
wy gean fierder

dronrijp. stasjon dronryp
yn de swarte spegel fan de jûnshimel
fine ús eagen elkoar wer

ús gesichten rane gear
de soan wol al útstappe mar hja pakt him beet
wy gean fuort
de trein hâldt yn
franeker. stasjon frjentsjer
hja moatte der út
de man sliept noch hieltyd

hja sjocht efkes freegjend nei my
sil ik … sizze har wynbrauwen
nee sis ik stil, dat kinsto net meitsje

wy glimkje
hja suchtet spitich
en skoddet him wekker, raast yn syn ear

hy skrikt werom yn syn lilke werklikheid
hja ferdwine, hy fûteret
yn it wite ljocht fan it perron

har eagen wjerspegelje
noch efkes yn mines
de trein dinderet troch
de trein dinderet troch

harlingen. stasjon harns.
der stapt nimmen yn of út
harlingen haven. stasjon harns haven

Oersetting Ina Schroders-Zeeders

Under York

Under York is in gedicht fan Bauke Terpstra.

Foto: Bauke Terpstra

Under York

al mar oan
siicht flústerwyn blyn troch
gatsjepannen blêdetek
nimt my mei
lâns nea útsprutsen sjongrigels
oant it weistjert
yn in sucht
dy’t oan ’e râne
fan dit ferlitten gat
tanimt en oanhellet
ta stoarm
wurden raast
dy’t my foarby gean

lokkich
dat ’k net alles ferstean

‘Aquarius’ en ‘Boartsje’

 

‘Aquarius’ is in fers fan Tanja van Abbema.

 

Foto: Tanja van Abbema

 

in wikseling
fan beweging
tusken hin’ en wer
en op en del
allinne foarm
leit fêst
yninoar besletten
ferdwine wy
yn linen
sigeseagjend
troch romt’ en tiid

 

‘boartsje’ is it twadde fers fan Tanja van Abbema op RIXT.

 

Foto: Tanja van Abbema

 

boartsje

kâld rôs plestik
wie ik
woe net wêze
sûnder sicht
sûnder lûd
ik woe boartsje
hjir
bin ik

as wie ’k ûntpopt

Ichtus

Bauke Terpstra levere it fers Ichtus

Foto: Bauke Terpstra

Ichtus

der parkeart
in weromswimmend fiskje
foar myn noas

wite nûmerplaat
blauwe D

famke stapt út
mei in leech sûpte duvel yn har hân

sy hat preaun

Novimber – Tom Waits

Jan Kooistra is dichter fan de moanne novimber by RIXT.  Kooistra skriuwt:

It nûmer’ November’ stiet op The Black Rider, it tolfde studioalbum fan Tom Waits, útbrocht yn 1993. ‘November’ is lykas de oare nûmers op dy plaat spesjaal skeaun foar it toanielstik‘The Black Rider’, regisearre troch Robert Wilson en mei-skreaun troch William S. Burroughs.
It mei dúdlik wêze dat Tom Waits net in soad op hat mei de moanne novimber. Lit my earlik wêze, it is eins myn favorite moanne ek net. Dochs ha ik it altyd in geweldich nûmer fûn en dêrom dizze oersetting as moannefers foar RIXT.

Tom Waits (1949) is in Amearikaanske sjonger, komponist, skriuwer en akteur. Syn teksten binne faak tsjuster en net maklik nei te kommen. Hy stiet ek foaral bekend om syn lege, soms heaze, dan wer rauwe, hast gromjende stim.

Novimber Tom Waits

gjin skaad, gjin stjerren mear
der is gjin moanne, ek gjin ferkear
novimber

it leaut allinnich mar yn in bulte deade blêden
en yn in moanne mei de lykkleur fan bonken
gjin gebeden foar novimber om langer te bliuwen

gean mar nei gychem en wachtsje
want wy sille se allegear slachtsje
novimber hat my bûn oan in âld’ kroandeade beam
jou it troch oan april, helje my út dizze yslike dream

syn kjeldkeattingen binne makke fan wiete learzens en rein
fan gleiswarte ravens op skoarstiennen mei roetspoaren belein
novimber is grillich, myn dea is him hillich
novimber

mei myn hier glêd achteroer en glinzjend fan ‘t fet
en it bloed fan in fesant en fan in hazze de bonken
oan ’e hoarnen fan in reebok ha ’k hâld
efterlitten om as in skot hagel te siizjen troch ’t wâld

jou dy ôf, smoarge reinbek
jou dy ôf, sjit dyn eigen harsens mar lek
novimber