Digitale Grutte Gedichtejûn Ensafh

Alle jierren organisearret Frysk literêr tydskrift Ensafh de Grutte Gedichtejûn. Foargeande edysjes hawwe plakhân yn Snits, Ljouwert en Drachten. Fanwegen it koroanafirus hat de redaksje besletten om der dit jier in digitale edysje fan te meitsjen. Dichters en poëzyleafhawwers hawwe de oprop krigen om gedichten op te nimmen en as filmke yn te stjoeren.

Dat hawwe twaentweintich dichters dien. Al dy filmkes wurde ta ien Grutte Gedichtejûn omsmeid en dy dichtersmaraton giet yn premjêre op freed 5 febrewaris om 19:30 oere op it YouTube-kanaal fan Ensafh. In ryk en bûnt ferskaat oan poëzy en filmkes! De poëzy wurdt ôfwiksele troch muzyk fan singer-songwriter Youp Boelens.

Wannear: 5 febrewaris, om 19:30 oere

Wêr: Youtube-kanaal Ensafh.

Geart Tigchelaar nije streekdichter Noardeast-Fryslân

Geart Tigchelaar hat it streekdichterskip fan Noardeast-Fryslân oerdroegen krigen fan Jankobus Seunnenga. Hy mei de titel foar twa jier drage.

Tigchelaar sil as streekdichter de poëzij nei de minsken bringe, letterlik, wannear’t er mei gedichten de merk op sil. De minsken krigen hjoed sa syn earste gedicht as streekdichter te sjen. Klisjees is skreaun nei oanlieding fan it tema ‘Samen’ fan de poëzywike.

foto: Ydwine Scarse

Nije roman Hein Jaap Hilarides

Beppe Xenia is de nije roman fan Hein Jaap Hilarides. It is it twadde diel fan in trilogy, dêr’t it tredde diel, Trekker fan Troje, earder fan útkaam is.

Xenia is grutbrocht yn de Dravadelte fan Slovenië. Dêr treft se Freek Wassenaar, in boeresoan út it Bilt. Freek en Xenia wurde fereale en sette har nei wenjen yn Fryslân. Se trouwe yn 1933, it jier dat Hitler oan de macht komt yn Dútslân. Yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch rint Xenia in âlde leafde tsjin it liif. Dietrich Kleeblatt wurket yn Nederlân foar de SD. De moeting mei Dietrich sil it libben fan Xenia en Freek bot yn ûnstjoer bringe

De Roman is útjûn en te keap foar €19,90 by Bornmeer

Nije Dichter des Vaderlands

Tongersdei hat Tsead Bruinja nei twa jier de earfolle titel Dichter des Vaderlands oerdroegen. De kommende twa jier wurdt it amt útoefene troch dichteresse Lieke Marsman.

De termyn fan Bruinja is oars ferrûn troch de koroanakrisis, mar dat betsjut net dat Bruinja stilsitten hat. Sa hat er de bondel fan dokumintêrepoëzy útbrocht, Springtij – gedichten over het leven met tbs en hat er foar in blomlêzing poëzij yn de talen fan Nederlân sammele. Guon gedichten dy’t Bruinja as Dichter des Vaderlands skreaun hat binne ek yn it Frysk pleatst op RIXT, oersetten troch Syds Wiersma en Geart Tigchelaar. Dy gedichten binne fansels allegearre werom te lêzen:

Foto: Tessa Posthuma de Boer

 

In nij jier

Dichterskollektyf RIXT winsket elkenien mei in fers fan Carsten René Nielsen en oersetten troch Geart Tigchelaar in sûn en poëtysk 2021. De tekening is fan Mette Norrie.

 

Nije bondel Tsead Bruinja

Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja hat yn de simmer op útnûging fan de Pompestichting mei tbs’ers en harren behannelers praten. Op basis fan dy petearen skreau Bruinja teksten dy’t er omskriuwt as dokumintêrepoëzy, sammele yn de bondel Springtij – gedichten over het leven met tbs.

De Nederlânsktalige bondel is útbrocht by Querido en is te keap foar € 12,50.