Nije roman Geart Tigchelaar

Op 5 maart presintearret Geart Tigchelaar syn twadde roman, Om. Mei gastoptredens fan Elmar Kuiper en Jan de Vries sil de presintaasje digitaal plakhawwe op de Facebookside en it Youtubekanaal fan de Afûk.

Geart en syn fyts. Stadichoan is dat in bekend span wurden. Yn Om hat er inkelde ûnderfinings dy’t er ûnderweis opdien hat, ferwurke ta in – sa’t er it sels neamt – psychologyske fytsroman. Stap by haadpersoan Ate efterop en fyts mei troch Dútslân, Denemarken en Sweden. Ate is nammentlik fan doel en fyts nei de Noardkaap, om sa ôf te weven mei syn ferline.

Sjoch hjir it promofilmke:

Wat: boekpresintaasje Om

Wannear: freed 5 maart, 16:00 oere

Wêr: Facebookside en it Youtubekanaal fan de Afûk.

Om is te ferkrijen by de Afûk foar €19,50

Picture Poems mei Anne Feddema en Syds Wiersma

Foar it projekt Picture Poems binne yn febrewaris fjouwer nije gedichten ferfilme, mei ek Ingelsktalige oersettings fan Syds Wiersma en Anne Feddema,  respektyflik ‘Pentecoste with Escher‘ en ‘Disruptive Creation of a Poetic Cinema’

Screenshot Picture Poems – Disruptive Creation of a Poetic Cinema (Anne Feddema)

Picture Poems hat ta doel om (Frysktalige) poëzy tagonklik te meitsjen foar in breder publyk, út de oertsjûging wei dat bewegend byld de ynteresse yn poëzy fergrutsje kin. Mei (jonge) filmmakkers wurde gedichten ferfilme. Picture Poems is opset troch Tresoar, LF2018 en Metafoor Media.

Earder ferskynden ek al gedichten fan RIXT-dichters by Picture Poems. Sa binne der fideo’s fan ‘Der net mear is as dat‘ fan Aggie van der Meer, ‘De Reizger’ fan Cornelis van der Wal en is ek  ‘Buenos Aires’ fan ús ferkeazen beskermfou fan it dichterskollektyf, Rixt, ferfilme.

Rely Jorritsmapriisfraach iepen foar 2021

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten 2021 is iepensteld. It is de 67ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in fers en/of ferhaal ynstjoere.

In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal kinne fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. De sjuery foar 2021 bestiet út Inge Heslinga, Rianne Blokzijl en Beart Oosterhaven. Elk bekroand fers of ferhaal wurdt honorearre mei €1000.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) skildere, skreau en dichte.  Yn syn testamint skreau Jorritsma dat: “myn fermogen […] tsjinstich makke wurde sil om de Fryske letterkunde te stypjen” (Fjirtich jier ‘Rely Relly’, p. 25). Sa kaam it dat sûnt 1954 alle jierren in priisfraach útskreaun wurdt foar maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen yn de Fryske taal. Allinne de bêste ferhalen en fersen winne, dat it tal Rely-winners kin alle jierren oars wêze.

Oant en mei snein 9 maaie kinne ynstjoeringen digitaal as taheakke ferstjoerd wurde oan ynfo@stiftingflmd.frl.  Mear ynformaasje is te finen op de webside fan it FLMD.

 

Blomlêzing koroanagedichten yn ‘Mijn overbuurvrouw is een meeuw’

De blomlêzing Mijn overbuurvrouw is een meeuw jout in seleksje fan de gedichten skreaun yn de earste moannen fan de koroanakrisis.

Tusken maart en july 2020 binne der op coronagedicht.nl likernôch 900 gedichten ynstjoerd dy’t ynspirearre binne op de sitewaasje mei it koroanafirus. Ut al dy gedichten hawwe Wim van Til, dichter en direkteur fan Poëziecentrum Nederland, en âld-Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja 110 gedichten selektearre foar in blomlêzing. Dêr sitte ek RIXT-dichters by, nammentlik: Janneke Spoelstra, Job Degenaar, Edwin de Groot, Ypie Bakker, Peter Vermaat, Hidde Boersma, en Tsead Bruinja,

De blomlêzing is te ferkrijen foar €14,95 by útjouwerij Liverse.

 

Wjerspegelje – spegelpoëzij

Tongersdei is yn Post Plaza it projekt ‘Wjerspegelje’ úteinset.  It duorret 20 sekonden om jins hannen goed te waskjen, like lang as it lêzen fan in gedicht op spegels yn de húskes.

It projekt is opsetten troch Merk Fryslân en Ljouwert City of Literature en stipe troch Provinsje Fryslân. De spegels binne op it stuit te finen yn acht hotels yn Ljouwert, mar komme letter ek yn oare Fryske hoareka. De ôftraap wie mei it nijste gedicht fan Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, spegel. Der binne yn totaal sa’n tritich dichters dy’t oan it projekt meidogge, mei û.o. Tsead Bruinja, Janneke Spoelstra, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar.

Spegelgedicht fan Janneke Spoelstra. Foto: Lucas Kemper

De gedichten binne net allinne op it hoarekahúske te lêzen, mar ek online, thús op de bank.