Op 5 Maaie waard fan Tsead Bruinja, Dichter des Vaderlands, it fers ‘de dood is geen meester uit duitsland‘ publisearre. Geart Tigchelaar sette it fers yn it Frysk oer.

de dea is gjin master út dútslân de amerikanen learden it fan ’e japanners en de japanners kopiearren it fan ús wy hienen it op ús beurt fan de sinezen of fan ’e spanjerts ôfsjoen wynst in doek om ien syn holle sêdest ’m almar wer mei wetter sadat hy of sy wol trochslokke moat en flot krigest andert op al dyn fragen foardat se in naïve romantika wie dy’t har brieven mei sieg heil ûndertekene hie skientme har eigen antlit al ryklik ferbaarnd sûnttiid besykje wy in fik te dwêsten en besykje sy it fjurke oantreaste te litten wy goaie in konsert dertsjinoan litte helikopters mei leadswiere oliiftûken oerfleane dy’t mei messkerpe rotorblêden de romme grêven yn ’e wolkens krekt net reitsje juster rôle der gjin fust oer de rubberen matten fan it ynsakke malyfjild fûnen wy tusken útslaggen útfearten en grafiken tiid om ús te ferdjipjen rêst om inoar yn ’e eagen te sjen en nei te tinken oer wat wy sa krampeftich en earmhertich yn stân hâlde wolle of wat wy nei 75 jier eins te fieren hawwe