Hjoed de Fryske oersetting fan it nijste gedicht dat Tsead Bruinja as Dichter des Vaderlands publisearre hat. Tsead skreau it gedicht foar it projekt ‘De 102.000 Namen Lezen’ fan Herinneringscentrum Kamp Westerbork. It waard juster, doe’t it 75 jier lyn wie dat Auschwitz troch de Russen befrijd waard, publisearre yn de NRC. De oersetting is fan Geart Tigchelaar.
hoecht in namme wat? elke namme moat op syn minst ien kear stavere wurde op it gemeentehûs troch in âlder dy’t mei dy namme optein in leauwe in held in freon of in famyljelid yn libben hâldt elke namme moat op syn minst fjouwertûzen kear roppen wurde út in healiepen bûtendoar wei wylst de waarme lucht fan it jûnsiten troch in keukensrút in kâlde bernenoas ynkrôlet alle nammen hearre sekers fiif kear op it puntsje fan ’e tonge fan in bêste freon te lizzen by de fraach nei wa’t syn of har bêste freon is en wêrom gjin ien namme fertsjinnet it om net flústere te wurden en net fia it ear fan in leafste bûtengewoan faak de búk fan dy oar te kideljen dêr binne nammen foar makke nammen hearre in libben lang mei te gean en mei in libben lang witte jo hiel goed wat ik bedoel nammen meie allinnich stadichjesoan ferdwine út ús tinzen en net foar’t se in ôfskiedsdûnske makke hawwe op ús triljende lippen der is gjin inkelde reden om de namme fan in muorre te skroevjen as dy namme net in nij hûs te wachtsjen stiet want in namme wol libje
Sjoch foar it Nederlânske orizjineel by de NRC