Nij boek Tialda Hoogeveen

Wurden fan Timo, skreaun troch Tialda Hoogeveen, in boek foar skoaljier 2020/2021 foar LêsNo, in lêsbefoarderingsprojekt foar jongerein yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.

Wurden fan Timo is it yntinse ferhaal fan Nanne, in gewoane tiener, dy’t yn in ûngewoane situaasje bedarret as har broer stjert troch in ferkearsûngelok. It is krekt yn it jier dat se vmbo-eksamens dwaan moat, in oplieding kieze moat, wylst se gjin idee hat wat se wurde wol of wurde kin en ek nochris foar it earst fan har libben fereale is, fansels op in ûnberikbere jonge. In boek oer rou en freonskip en ferbining fia muzyk.

Wurden fan Timo. Foarmjouwing: Monique Vogelsang

Cedin ûntwikkelet der lesmateriaal by. Fierders is it liet In your Light fan Jon Allen oerset nei it Frysk troch Jelle Bangma, komponearre as Yn dyn ljocht troch Sytse Broersma en songen troch syn dochter Lotte. Monique Vogelsang hat it boek foarmjûn op in wize dy’t goed past by jongerein.

Literêre krystkaarten foar Voedselbanken

Dizze wike wurde by alve Fryske Voedselbanken literêre krystkaarten besoarge, dy’t Ljouwert UNESCO City of Literature yn gearwurking mei seis auteurs en in yllustrator ûntwikkele hat foar de goed 1.500 kliïnten en frijwilligers fan dizze Voedselbanken. City of Literature wol harren op dizze wize, sa flak foar de feestdagen, graach wat opmoedigje en sa omtinken te jaan oan de Voedselbanken, dy’t driuwend ferlet hawwe fan stipe en produkten.

De kliïnten en frijwilligers krije in pakket fan seis unike kaarten en in Molkwarder Koeke. Foar de kaarten benadere Ljouwert UNESCO City of Literature de dichters en skriuwers dy’t yn de hjerst mei de Dichtdiners in foardracht jaan soene (dat is úteinlik annulearre). De opdracht: skriuw in gedicht of in ultrakoart ferhaal oer iten. Marije Roorda, Edwin de Groot, Anne Feddema en Martin Reints skreaune in frij fers. Joost Oomen en Nicole van den Berg hawwe in koart ferhaal skreaun. By alle teksten makke Willie Darktrousers in passende yllustraasje. De teksten en yllustraasjes wurde ek publisearre op leeuwardencityofliterature.nl.

De kaarten yn Voedselbank Harns. Foto: Marc de Fotograaf

De aksje past by de doelstelling fan Ljouwert UNESCO City of Literature om literatuer út Fryslân foar elkenien tagonklik te meitsjen, ûnder oaren troch gedichten en ferhalen op ûnferwachte plakken en mominten te dielen. It is ek in ferfolch op de aksje yn april fan dit jier doe’t, yn gearwurking mei RIXT, by 88 lyts- en grutskalige fersoargingstehuzen rûnom yn de provinsje Fryslân poëzykaarten besoarge binne foar de goed 5.000 bewenners.

Skriuwersarke 2021

Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932 – 2001) wer beskikber wêze sil foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân.

Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan hokker wiken (net mear as seis) hja nei de arke ta wolle. It giet om it simmerskoft mar oare winsken binne yn oerlis ek mooglik. Op dizze wize hoopje wy safolle mooglik skriuwers en dichters in kâns te jaan om yn de arke oan it wurk te kinnen.

It doel is dat de arke brûkt wurdt as plak dêr’t de skriuwers en dichters alle gelegenheid krije om te wurkjen. It is net as ‘simmerhúske’ bedoeld. Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en telefoan is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum út it saneamde ‘Tamminga-Piebenga-Fûns’, wylst it ûnderhâld fan de arke en de fêste lêsten dêrfoar bekostige wurde troch datselde fûns en It Fryske Gea.

foto: Geart Tigchelaar

Belangstellenden kinne har oant 1 febrewaris 2021 skriftlik oppenearje by Pieter de Groot, skriuwer fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, De Koarte Baan 11, 8731 DX  Wommels. Dêrby moat neist de perioade ek oanjûn wurde wat de skriuwer/dichter fan doel is te dwaan. In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar hokker skriuwers/dichters fan de arke gebrûk meitsje kinne. Mocht it yn 2021 net slagje om plak te krijen, ek yn 2022 wurdt de arke wer foar skriuwers en dichters iepensteld.

Podcast Boekekast mei Geart Tigchelaar

Yn de tsjustere en koarte dagen binne Fryske ferhalen te beharkjen yn de podcast Boekekast fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân. Acht Fryske skriuwers ha dêr spesjaal in ferhaal foar skreaun en dizze wike is Geart Tigchelaar oan bar, mei it ferhaal ‘Dûke, verdammt noch mal’.

Klik hjir om te harkjen nei it ferhaal , foarlêzen troch Thijs Feenstra, en in fraachpetear mei Geart Tigchelaar.

foto: Omrop Fryslân