Winter 2018

Aggie van der Meer har twadde gedicht fan de moanne febrewaris 2018. In wintergedicht. Oer it ivige Fryske longerjen om iis. Kin it dit jier of kin it wer krekt net?

WINTER 2018

Slimmer as oerdeis
spilet it op yn ‘e nacht
as de winter syn dagen telt
net wit oft de wraak swiet wêze sil
as er him bidde lit
flaaie lit
de opljeppende spanning
ûnder it longerjende folk
griperich noch
te lang sangere oer syn healens
har ûngeduld ferjaan sil
har op ‘e knibbels krijt
op tok hâldt
gek makket
oant krekt foardat it wêze sil
hy de jas útdocht.

Begrutsjen?
Takom jier mar werris sjen.

© Aggie van der Meer

Neam se ien foar ien

Aggie van der Meer is ús dichter fan de moanne febrewaris 2018 en docht har beklach oer de kap. As de polonêze it easket, kappet de stêd, de skamte foarby, de beammen.

foto van DichterS fan Fryslân.

NEAM SE IEN FOAR IEN

Mear as hûndert
neam se ien foar ien
de tilia, de acer en de cornus
de wylde pirus
ferjit har rook net
har omearming, treurje
mei elk fan har bewenners

krusige mei it reade teken
sille se, net skuldich
mei mear as hûndert
de moarn net helje
de arena, nûgjend
wer frij foar it spul

de nacht ûntwijd
de kaën har sermoen ûnthâlden
hat de stêd wer ljocht
de alfa romeo de earmslach
it rjocht dat har takomt

hjir en dêr
in iepen rút
in stikje tún mei bûtergieltsjes
is it te fernimmen

it dôvjen fan it offerfjoer
it sêfte gûlen
it bern dat witte wol

flokke
roubeklach

sân der oer.

© Aggie van der Meer

Ljouwert KH 2018

It gedicht op de poëzijstien foar de yngong fan it Ljouwerter Burmaniahûs waard skreaun troch Willem Abma. Hy is ús dichter fan de moanne jannewaris 2018. Foar dy gelegenheid hat er syn Burmaniagedicht mei in pear rigels útwreide. Abma: ‘Ik bring it dêrmei wat tichter by it tema fan it LF2018’.

LJOUWERT KH 2018

tûzenen oan tûzenen foarby
in eachopslach in amerij
in wif hâldfêst yn it ferlitten

en oan de stegen en de strjitten
hûs oan hûs fasades dy ’t ferswije
wa ’t hjir it lok fûn wa it lijen

mar, Ljouwert, haadstêd fan kultuer,
dêr’t men no mannich frjemde talen heart,
wêr fynt de frjemdling wierlik dyn statuer
en kloppet dizze stêd no echt it hert?

dat is dêr’t út in ieuwenâld en djip ferlet
in mins wat kostber is en kwetsber net ferbrekt,
him yn syn memmetaal de mienskip fynt
dy’t doarp en stêd yn har ferskaat ferbynt.

© Willem Abma

Salut Walt Whitman!

Hjoed it iepeningsgedicht fan Willem Abma, ús dichter fan de moanne jannewaris 2018. Yn 1995 frege Kees ’t Hart him om yn it ramt fan it Frysk Festival in gedicht te skriuwen op it tema ‘Salut au Monde’, in gedicht fan Walt Whitman. Abma: ‘De tekst fan it fers liket my tapaslik yn ferbân mei Leeuwarden-Fryslân 2018. Ik draach it no op oan alle toeristen dy’t Fryslân yn 2018 oandogge.’

SALUT WALT WHITMAN!

Jou andert, Walt Whitman, wat sjochste?
Wat glydt der oan dyn each foarby?
Wat ferwidet him? Wat wurdt lytser?
Hoe leit de kosmos yn dyn inerlik derhinne?
lichem yn lichem, stof yn stof, universum yn universum.

Heech bist opstien yn de tombe fan dyn fersen.
Bern, nayf, ûnstjerlik, himelbestoarmer.
Mar, Walt Whitman, wat sjochsto fan Fryslân?

Jou andert, Walt Whitman, wat hearste?
de iere moarnsskreau fan in bist, hearste.
it gûlen fan tyfoanen en tornado’s
troch oerwâlden en oer wrâldseeën.
it gepreuvel fan de beek en de beam.

Ja wis, do hearst de refreinen
fan Kopten, Hebrieuwen en Sieuwen,
mûfty’s en mullahs yn moskees;
it kriten fan Kozakken;
mythen fan Griken en Romeinen.
Kristus oan it Krús, hearste.
Mar, Walt Whitman, wat hearsto fan Fryslân?

Jou andert, Walt Whitman, wat rûkste?
Do rûkst kadavers fan hynders yn Mongolië.
Do rûkst de beblomme heuvels fan Abessinië,
De rook fan de weeë dampen fan de skyt fan de fetsturtskiep,
de droege fruchten fan steppen en pampa’s.

De blossem fan de wielderige dea yn de Elisyske fjilden.
It teare leaf fan de paradyslike beam fan goed en kwea, rûkste.
En it bedoarne wetter fan de Styx, dy ferflokte âld jarsleat.

Fryslân: swietrook fan meand maaiegers.
Mar, Walt Whitman, wat rûksto fan Fryslân?

Jou andert, Walt Whitman, wat priuwste?
Neam my de nammen fan de gerjochten
dyst ta dy naamst yn woastinen ûnder
bedûinen en mûntsen yn fan grien
bedutsen kleasters yn Egypte en Syrië;
ûnder fiskers tusken de iisskossen fan Alaska;
ûnder Yndianen, Inca’s en Azteken;
ûnder Yndiërs yn de falleien fan de Ganges.
Mar, Whalt Whitman, wat priuwsto fan Fryslân?
En wat betaaste, oeral oanwêzich dyn hannen?
Wêr hawwe dyn fuotten stien? Wêr steane se?

Do wennest yn Parys, Londen, Rome en Sydney,
Florence en Frankfurt. Wêr wennest yn Fryslân?

Begien en beret is dyn geast de wrâld omgien.
Dize en dampen hawwe dy opnaam en delset;
mei winen bist útwaaid oer de rûning fan de ierde,
yn wetter en weagen bist oanspield op iggen,
yn rivieren en streamen hast streamd.

En op de uterste punt fan skiereilannen
hast stien en it útroppen: Salut au monde!

Jou andert, Whalt Whitman, wat klif fan Fryslân, hokker greide
hawwe dyn fuotten field? Hokker mar hat dyn rop heard?
Yn hokker stêd of doarp fan Fryslân sjogge se dy stean?
Wat waadeilân hat syn stosân en seesâlt oer dy útstruid?

Walt Whitman, rin by Makkum del nei Piaam
gean fierder de klaai oer nei Eanjum en Wierum
en stean by Peazens-Moddergat yn it eachweid fan Fryslân.
De marren, de rivieren, de wâlden en de slingerpaden,
de bosken en de beammen; de greiden en de loften
de wolken oan de blauwe loften, de hege en lege wolken
groetsje dy dêrsto ús groete hast en groetest.
It skiep en syn laam; de ko en it keal; it hynder.
Fûgels en fammen, merkels en mannen,
de huzen en de bewenners fan keamers en wenten
rûnom dêr’t ljochten barne of it tsjuster hearsket.
Op ’e Lemmer, De Jouwer of yn Starum of Snits.
Yn Bears, Boalsert of Boksum, Harns en Hylpen,
Yn Ljouwert en Ljussens, Arum, Achlum en Appelskea.

Follegea en Folsgeare, Feinsum, Frjentsjer en Friens
Koarnwert en Kollum, Doanjum, Deinum en Dronryp
sjogge dy, hearre dy, priuwe, rûke en fiele dy!

Stean yn ús eachweid, Walt Whitman, bliuw stean!

En allegearre sizze, roppe, raze it út dit salút:

Salut Walt Whitman. Yn dy groetet Fryslân de wrâld.

© Willem Abma