It Oardelskonkje – in nije dichtfoarm yn krisistiid

Dichter Syds Wiersma soe no troch Ierlân reizgje om dêr in poëzybondel ôf te skriuwen. Mar Ierlân leit op ’t heden fierder fuort as it eilân Itaka. Wy binne reizgers op oardel skonk wurden, tocht Wiersma. Dat brocht him op it idee foar in nije dichtfoarm. Ien dy’t past by de oardelmeter-mienskip dêr’t wy yn bedarre binne. Hjoed wurdt it Oardelskonkje lansearre. Hjirûnder leit Wiersma út hoe’t it wurket.

Foto: Geart Tigchelaar

‘It Oardelskonkje soest de krisisfariant fan de haikû neame kinne. Miskien is it ek in goed alternatyf foar dat freeslike Elfje, dat in soad learkrêften as poëzy ferkeapje oan bern.

It Oardelskonkje wurket hiel ienfâldich. It telt 15 wurden ferdield oer twa strofen. De earste strofe hat 10 wurden en de twadde 5. Getalsmjittich is it dus mei rjocht oardeheal en fisueel liket it op in oardel skonk (sjoch de foarbylden ûnder).

It Oardelskonkje is op syn bêst as der in ‘chute’ tusken de beide strofen sit, dat wol sizze in ‘kear’ (wending). Sa’t wy dy bygelyks ek yn it sonnet tusken it oktaaf en it sekstet fine. Hokfoar kear oft dat wêze moat? Dat is folslein oan de dichter sels. In tsjinstelling, konklúzje, ferbylding fan it foargeande, grap of amen. It mei allegear.

De foarm fan it Oardelskonkje is frij. Metrum mei, hoecht net; rymje mei, hoecht net.

Kinst Oardelskonkjes ek oaninoar riuwe, sa’t de âlde Japanners dat faak diene as hja mei in groep dichters ûnderweis wiene en inoar haikûs fuorren om op troch te dichtsjen.

Oer haikûs praat, it soe nijsgjirrich wêze as Tresoar ris in eksposysje makke oer de haikû yn de Fryske literatuer. Mar lit ús Bert Looper no earst mar traktearje op in kontenerfol Oardelskonkjes, sadat Tresoar dêr hiel OBE mei folplakke kin. Dat soe in moai earbetoan wêze oan nammejouwer Obe Postma, dy’t doe’t er al mar âlder en as dichter produktiver waard op oardel skonk troch de stêd skowe moast.’

No folgje in pear foarbylden fan Oardelskonkjes dy’t Wiersma de ôfrûne dagen skreaun hat. It jout in yndruk. Fansels is it noch in foarsichtige pilot. It kin allegear noch folle útwrydsker, djipsinniger, grappiger, stikeliger, poëtysker.

Spread the word! Lit ús mei-inoar in stevige literêre poat (skonk) ûnder de oardelmeter-mienskip stekke. Hâld hoek, freonen!

Oardelskonkjes
© Syds Wiersma

ûntdekst fan alles yn karantêne
bygelyks dat útbloeide tulpen
mear

mei dy dogge 
as bloeiende  



nimmen wit hoe breed
oft de tafelberch is
tiid genôch

om te bûgen
as Japanners



ut het nooit was weest
’t sal oek nooit wat wurde

in de bossen
fan Seist



jou my Rutte mar, praat dy sa út ’e put

syn hâld-hoek-wrâld yn



Brok: wy hawwe no op oare 
wizen kontakt mei elkoar

de dyk sil ’t lân 
omklamje



ús harsens binne aldergeloks
plastysk, jou se even de tiid

binne wy harsenspield
wer bliid



yn syn peasketún sei Jezus al
hâld my net fêst

ús ferlossing kriget 
serieus foarm



wat wurdt it nije normaal
yn de Fryske literatuer?
wannear

sil de Twibak
dêroer gear?



it needlotsmotyf fan Tsjaikovsky
op thé-dansant by god
bist ree

ta de beblynkape
draaimole
leafde?



se liket op hár
seach 'k juster, dêrom
hakt se deryn

deselde sprong
in wisse plomp



njoggentjin jier lyn kaamsto te wrâld
fiif wiken te betiid

fine, wûndersterke tried
dyn ûnthjit



wat in beam! yn twa wiken
in timpelnêst fan blêd

mar hark, de spotske 
aksterskjirren

 

 

Lentegedichien

It earste moannegedicht fan april, fan Tsjisse Hettema

Foto: Geart Tigchelaar

Lentegedichien

vandaege is d’r een vlinder
op mien gemoed
daele streken
hi’j laot de slotten eupen breken
van mien winterse kertier

en toen et eerste zunnelocht
naor binnen sleup
en ik verrast
naor buten leup

mien boemzend harte
drieft de spotte
mit mien pepieren
gekwattel
van vlinderlicht gewicht

doe raekte ik daonig
van ’e wies
mien wanstaltige buuk
en mien luzebossien haar zo gries
zo gries

2020_koroanawurdlist

In aktueel gedicht fan Gerrit de Vries

De Fryske Akademy hat in wurdlist opsteld mei frekwinte wurden dy’t te meitsjen hawwe mei de koroanaútbraak.

Screenshot wurdlist

 

2020_koroanawurdlist

it bist moat wol in namme ha
hoe skriuwst
de deadsoarsaak

corona
korona
koroana

wylst minsken stjerre
by boskjes

bist dwaande
(komt it troch de
thúsbliuwplicht?)
mei de begripelist
om de ramp
te dokumintearjen

fan oanhoastje oant
swarte faze (de)

in wurd
foar dit synisme
haw ik noch net fûn

 

 

 

 

mensen / minsken

In aktueel gedicht fan Kate Schlingemann

Foto: Geart Tigchelaar

 

mensen

je ziet ze nog zelden
de laatste tijd
binnen, buiten

alleen

maar wel vaker
steeds nieuwe
apen en beren op de weg
en kinderen die daar op jagen

*

minsken

sjochst se komselden noch
de lêste tiid
binnen, bûten

allinnich

mar wol faker
hieltyd nije
apen en bearen op ’e dyk
en bern dy't dêr op jeie

Oersetting Syds Wiersma

Foar korona

Simen de Jong is nei alle gedachten de earste Fryske skriuwer, dy’t it Korona-firus skipe hat. Aldergeloks betteret it al wer aardich. De Jong skreau in haikû-syklus oer syn wjerfarren.

Foto: Geart Tigchelaar
Foar korona

kloatekorona
ik wol net mei dy op bêd
mar do harkest net

iiskâlde hjitte
flinters fuort en de fûgels
sûnder sangen lam

benei tolven al
stroffelet der in routôch
stil yn eigen fal

wy slute ús op
om inoar net foar jimmer
misse te moaten