Proefknyn

Dit gedicht fan Rein de Lange is makke nei oanlieding fan it stil protest yn kninemaskers tsjin de wynmeunsters dy’t by de kop fan de Ofslútdyk drige te kommen.

Proefknyn

it stampen is ferstomme
raze en roppe
de koekuten fan it sêfte plúsj ôf

in tinne wyn waait troch har wjukken
de tritich mûnen skitterje
as sulverstikken yn it swarte skaad

yn it fjild de kninen, wachtsjend
op de izeren poddestuollen
dy’t giftich om har hinne slaan

© Rein de Lange

De switdrip

Duorsumens is in hot topic tsjintwurdich dêr’t mei skoard wurde kin yn ’e polityk. Hiel moai en de politisy moatte it ek fral oankaartsje, mar it is de ekonomy en benammen de boarger dy’t it oernimme moat. De saneamde Elfwegentocht rint fan 30 juny oant 14 july, mar wannear’t men bygelyks troch hokfoar stêd dan ek fytst is it ien en al ‘âlderwetsk’ motorisearre ferkear. De omslach moat plakfine foar’t it te let is. As it net al te let is.

 

De switdrip

Doe’t ik in sneintemoarn yn july ûnder it hurddraven
stroffele op in betonreed troch de greiden seach ik efter-
om wat mooglik de oarsaak west hie. It wie blykber net
in brede naad, sa’t ik tocht hie mar in switdrip. Ik wer-
kende it fuort út myn tiid doe’t ik skjinmakker wie by
in grut skjinmakbedriuw en ris it gemeentehûs himmelje
moast. It wie in kliemige drip fan in politikus. Troch myn
ûndersykjend aard seach ik fuort op Twitter dat twa depu-
tearren hjir op ’e tandem delkommen wienen. It tegeltsje
by ús heit en mem yn ’e koken kaam my wer foar it net-
flues dat in skeet noch gjin biogas is as der net marketing
efter sit.

@Geart Tigchelaar

It sil wêze

Tsjisse Hettema skreau ûndersteand gedicht oer de Elfwegentocht dy’t kommend wykein hjir yn Fryslân syn apoteose krijt. Hettema leaut net dat sokke symboalyske, solistyske aksjes fertuten dogge. It skjirret neffens him tsjin it braafste jonkje fan ’e klasse oan.

It sil wêze

der sil wêze, no ja
de Aldehou
sil wêze
in grut symboal fan
in wrâlds
tinken

dat sil wurde
ús takomstich, no ja
byld fan ússels
in foarútskode naasje
fan in skjinne, sûkerskjinne
provinsje fan ynwenners
yn in grutter gehiel

wat liket dêr op
in mishipte gedachte fan foarútgong
foarop te rinnen

stiet dêrom dy toer al tiden
bryk
dat wy al dat
krewearjen
mei in skeaneach besjen moatte
no ja, dat sil wurde
in heechtijdei

© Tsjisse Hettema

Steuring

Us junydichter Jetze de Vries hat dit fers skreaun fanwege de wize fan kommunisearjen fan de Omrin oer de steuring(en). In meiwurker fan de skipswerf sei fan neat te witten, wylst Omrinpersoniel al bûten stie. In grut part fan de Harnzers en omkriten leaut net mear dat Omrin der alles oan docht om de ûne feilich te krijen.
En de Provinsje? Nimt dy de mienskip serieus?

Harns, juny 2018

Steuring

der wie in steuring
lies ik ferline wike
der wie in steuring
op ’e nij
ik wie tichtby
op ‘e werf oan it wurk

der wie in steuring
lies ik in pear dagen lyn
der wie in steuring
op ’e nij
ik wie tichtby
ik hie krekt de skonken ûnder ’t gat
by it sâltfabryk

der wie in steuring
lies ik juster
der wie in steuring
op ’e nij
ik wie tichtby
it wie skoft by de Omrin
ik rûn in blokje om

de bazen mei bline ramen
litte mûnsters los
as kobben met griene eagen
foar harren ponge
smoke wy sigaar
oer ’e longen

Steuring?

 

© Jetze de Vries

 

 

 

ik zit in ‘e baarm

Disse tekst van ’t Stellingwarfse dichtersduo Tsjisse Hettema en Aafje Bouwer is schreven op al dat moonsterlike boere-ark dat op ‘e eupenbaore weg rondriedt.

ik zit in ‘e baarm

ik zit in ‘e baarm
krekt op tied

dat de hoogzeet’lende boer
veldheer
over dood grös
en dooie voegels

’t naekte trekkerlief
invet
mit ’t ofgriezen
van heur ervaringen

drieft mit de vloed
van de transietsie mit

ik trek mien bienen in
om deurgang te geven
an zien kop mit grieze aske
en zien aarms
inkrast
mit de tekens van de ondergaank

@ Tsjisse Hettema en Aafje Bouwer

de wachter

De wachter is in sonnet dat Henk Nijp skreaun hat nei oanlieding fan it feit dat multi-keunstner en lânskipsskilder ‘út needsaak’ Jentsje Popma in skoft lyn al syn wurken en materialen oerdie oan stichting Nij Kleaster yn Jorwert. Hy hat sympaty foar de útgongspunten fan dy stichting en fûn dat it dêr goed te plak wie.
Jentsje is noch like begien mei it lânskip as eartiids, en sjocht skaalfergrutting, de produksje en de jacht op it grutte jild as it kwea dat de delgong fan it lânskip feroarsaket. Dat woe hy yn syn wurk sjen litte en as warskôging ‘hearre’ litte.

Dêrom …

 

de wachter

de wachter fan it lânskip knypt heal de eagen,
dikeret oer sleatten en ikkers mei âlde attinsje
it giel fan syn koalsied wâlet yn weagen
hy beskôget de seedyk as de grins nei in oare diminsje

heech op ‘e dykstreppen lêst hy de loften
heart noch de froasken mei lûd fan ’t ferline
ferhellet fan skriezen en ljippen yn ûnbidige kloften
hunet it gas en it sâlt dy’t liede ta it grutte ferdwinen

syn ‘Ode aan de schepping’ is noch inkeld in print op papier
troch achteleazens fertoarkje syn wurken
wat bewarre bleau is mar in fraksje fan wat der earst wie

syn muze, dy‘t hy stadich yn dizen ferlear,
hat him frege har dochs gau te folgjen op har flecht nei it ljocht
hoe graach soe hy wolle mar hy is hjir lang noch net klear…

© Henk Nijp