‘Winsken twirje’, in gedicht fan Tialda Hoogeveen.

Winsken twirje
wyt, giel en grien
yn eltse hân tsien
sykhelje yn, de wangen tsjok
sykhelje út, blaas ik it lok
hieltyd heger troch de loft
flean ik stadich in skoft
mei de plúskes mei
warreljende winsken efternei