Rein de Lange is dichter fan de moanne juny 2021. Efterbliuwer is syn earste moannegedicht.

Efterbliuwer de âlde jûn tôget mei my om ik wol dit skimerljocht wegerje dêr't twingende tinzen let troch antike stegen âlje yn de fierte deade freonen skaad rinnend mei lege glêzen hifkjend op wat sa komme kin en driigje mei de ein yn sicht ik hear har mar roppen bliuw stean oan de igge fiel yn myn lege bûse de fearman lit stean wa't net betelle hat