Taryf en koers

Edwin de Groot is moannedichter fan Maaie 2021 by RIXT. Taryf en koers is syn earste moannegedicht.

 

Foto: Edwin de Groot

 

Taryf en koers 
 
i. 
goalera, boadskipper fan bedjer  
foel ien op ’e hûd as it sa beskikt wie
sels in bern dat troch de hoeven gie
der is altiten wol in sûnde te finen

in nij fûnemint kin no ienris brekke 
as it him set en bin’ wy ta oan de kollekte 
 
ii. 
elke koroanamoanne like wreed  
de hoeder fan no mei sjippeglêde skuon 
seit it is feilich fergelike mei frikandellen  
is in prikje bernespul, bliuwt it ûnheil út 

fleurich en optein wer op ’en paad in skoalreiske 
en lekker bôle mei  jonge tsiis en belidenis

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *