It goud op de wei, poëzij fan Anne Heegstra.

It goud op de wei efkes lins mei de bondel teart tafal it iepen by Feddema 1961 ‘yn ‘e neisimmer ús stadich skowend plakje ûnder strieljende sinne syn gong sylskouke oer de Meanewei ik sjong …’ sadree’t ik oer de drompel driuw omfiemet my in rook fan mouskelk en kaanfer mei petroalje mongen as Meaneweisarke mankelyk myn wêzen ynslûpt is se op swietrook fan alear my even hiel nei-oan mids kliemerige kamrêden komt it út djipten wâljen wylst beppe linich brêge draait en farder fleurich deiseit fandelt bernsbern hynsteblommen hannenfol, fuortblaasde plúskes brochten blierkjende maitiidsdagen dy’t opljochtsje by it omsjen messkerp noch krôlje oantinkens de oerbleaune stâltsjes op it sleatswetter fan in útslikke toarnbeisjempot