Mare Frisicum oer tachtich jier 

‘Mare Frisicum oer tachtich jier’ is Edwin de Groot syn twadde moannegedicht fan maaie 2021.

Foto: Geart Tigchelaar
Mare Frisicum oer tachtich jier 
 
op fersûpte gemaledakken droegje ielguozzen de fearren 
sa thús as badeintsjes yn walfiskmagen 
 
nei it easten op de Appelskeaster kust is in skiep oanspield  
- it moat wol hast it lêste wêze –  
 
fierders wie der neat te rêden of it is de rou 
dy’t dy bespringt as in swarte rôver 
 
faaks skriuwt ien der noch in kear oer, dat wer in siele ôfset is 
mar net mei it lêste wurd, dat is al 100 kear sein 
 
de bergen bin’ fier fuort en de keningen wenje heech

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *