De Dichter fan de Moanne foar desimber is Gerrit de Vries
De gedichten binne te lêzen op de gedichten fan de moanne.


Rixt – Frysk dichterskollektyf
Frysk dichterskollektyf
De Dichter fan de Moanne foar desimber is Gerrit de Vries
De gedichten binne te lêzen op de gedichten fan de moanne.

Frysk Dichterskollektyf RIXT en Streekdichter fan Noardeast-Fryslân Geart Tigchelaar organisearje mei-inoar in poëtyske jûn yn de rige It Literêr Sirkwy. Dat sil heve yn it multyfunksjoneel sintrum It Spektrum te Burdaard op freedtejûn 10 desimber 2021 om 19:30 oere.
De optredende dichters hawwe it positive tema ‘De loft is blau fan dagen’ meikrigen. Dy jûns bringe Janneke Spoelstra, Ina Schroders-Zeeders, Mark Spijkers en Geart Tigchelaar harren dichtwurk op it poadium. It duo I Due Cognati wikselet de poëzy ôf mei muzyk en sy litte harren klanken ynspirearje op ’e wurden fan de dichters.
Oan ’e ein fan de jûn is der in iepen poadium. Dus jou jo op om mei te dwaan en lit jo dêrby foaral liede troch it tema – al is in tsjinoersteld fers like wolkom. Opjefte is ferplichte foar sawol dielnimmer as publyk. Meld jo oan fia ynfo@rixt.frl. Hâld rekken mei de jildende koroanamaatregels.

Foar It Literêr Sirkwy organisearret it Frysk Dichterskollektyf RIXT noch ien jûn yn it winterskoft. Streekdichter Tigchelaar set takom jier noch twa poëzyjûnen op priemmen yn de gemeente Noardeast-Fryslân.
It Literêr Sirkwy ‘De loft is blau fan dagen’
Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma: “Ik bin út ‘e skroeven oer myn beneaming ta Dichter fan Fryslân! De rol fan Dichter fan Fryslân past by myn wurkwize as dichter. Ik sykje poadia op, ha in skerp each foar wat der spilet en stribje der hieltyd nei om út te stiigjen boppe it deistige. De kommende twa jier wol ik ek brûke om poëzij in breder berik te jaan troch keunstfoarmen te kombinearjen.”

As Dichter fan Fryslân treedt Sigrid Kingma yn de kommende twa jier op as poëtysk ambassadeur. Se skriuwt seis oant tsien gedichten jiers, ynspirearre troch opfallende en aktuele saken yn de provinsje. In advyskommisje, besteande út Annemarie Lindeboom, Cilla Geurtsen en Tsead Bruinja (foarsitter), hat de nije Dichter fan Fryslân foardroegen oan Deputearre Steaten.
Har earste gedicht ‘Trui’ is hjir te lêzen yn it Frysk, Ingelsk en Nederlânsk.
Op sneon 13 novimber hat Poëcinema plak yn Ljouwert. Dêr wurde trije projekten presintearre mei Fryske poëzy yn film: picture poems, in projekt fan Metafoor Media en Tresoar; Dichter fan Fryslân Nyk de Vries; en in projekt fan it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA). Anne Feddema sil teffens foardrage.

Tagong is fergees, mar moatst wol even in kaartsje bestelle asto komme wolst want fol=fol. Mear ynformaasje en kaarten bestelle kin hjir.
Fan ’t simmer hawwe de Fryske dichters Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar yn Aarhus west op it ynternasjonale literatuerfestival LiteratureXchange om mei de Deenske dichters Peter Laugesen, Annemette Kure Andersen, Tomas Dalgaard, Carsten René Nielsen en Mads Mygind de twatalige blomlêzing Oar hûs / Et andet hus (Hispel) te presintearjen.
Fan ’t hjerst binne de Denen oan bar om Fryslân oan te dwaan en sa harren poëzy klinke te litten yn sawol Ljouwert as Harns. Op 5 novimber om 20:30 oere steane de Deenske en Fryske dichters op it poadium yn de Westerkas yn Ljouwert. Dat is yn it wykein dat der rûnom omtinken is foar de Gysbert Japicxpriisútrikking. Kaartsjes binne fergees, mar moatte al besteld wurde.

Op 7 novimber dogge hja de havenstêd Harns oan. Middeis 15:00 oere kin elk bûtendyks yn it smûke priuwlokaal fan Het Brouwdok komme foar oardel oere poëzy en muzyk fan Biltske sanger-fersyskriver Jan de Vries.
Yn 2019 hawwe de fjouwer Fryske dichters in wike yn Aarhus west om kollega-dichters te treffen en om op te treden. Dêr is in gearwurking mei de fiif Deenske dichters út fuortkommen. Sa hawwe hja dwaande west om inoars wurk oer te setten, fjouwer fan elke dichter mei as einresultaat Oar hûs / Et andet hus. Geart Tigchelaar hat de bondel fan foto’s foarsjoen.
‘In oar hûs kin fiele as thúskommen op in oar plak,’ sa stiet yn it foaropwurd fan ’e bondel. En dat is krekt hoe’t de Fryske dichters harren fielden yn de twadde grutste stêd fan Denemarken. En fan dat oare hûs jouwe hja poëtysk blyk yn de twatalige bondel.
De Dichter fan de Moanne foar novimber is Christa Niklewicz.
De gedichten binne te lêzen op de gedichten fan de moanne.

Op freed 5 novimber organisearje Tresoar, Explore the North en Frysk Dichterskollektyf RIXT in literêr en muzikaal program yn de Westertsjerke te Ljouwert.
De jûn set útein mei in pear oades oan it wurk fan Eeltsje Hettinga, de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2021. Ferskate keunstners dy’t mei him gearwurkje komme oan it wurd. Dichterskollektyf RIXT hat in groepke dichters – Sigrid Kingma, Elske Kampen, Edwin de Groot, Tryntsje van der Veer en Job Degenaar – frege om in poëtysk tribút te bringen oan eardere dichters dy’t de Gysbert Japicxpriis wûn hawwe. Fierders sille guon dichters yn gearwurking mei de ‘Verhalenavond’ it ferhaal oer har gedichten fertelle. En dan wurdt op dizze ôfwikseljende jûn ek noch de twatalige blomlêzing Oar hûs / Et andet hus mei Deenske en Fryske dichters presintearre. De jûn wurdt ôfsletten mei muzyk.
Program Gysbert Japicxpriis-wike
De Gysbert Japicxpriis 2021 is takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’ 2017-2019. Neffens de advyskommisje kinne dy gedichten rekkene wurde ta it bêste dat de Fryske poëzy de ôfrûne jierren opsmiten hat. Op 6 novimber krijt er de priis yn Boalsert útrikt. Om dat te fieren wurdt de dagen foarôfgeand oan dy útrikking troch Tresoar en oare organisaasjes de Gysbert Japicxpriis wike holden.
Moandei 1 novimber | literêre jûn
Op moandei 1 novimber is der yn Tresoar in literêr programma yn oparbeidzjen mei tydskrift De Moanne.
Freed 5 novimber | jûn mei literêr en muzikaal program
Op freed 5 novimber is der mei Explore the North en Frysk Dichterskollektyf RIXT in literêr en muzikaal program yn de Westerkas as ûnderdiel fan de festivalperioade fan Explore the North yn de Westertsjerke te Ljouwert.
Sjoch hjir foar ynformaasje oer it program, begjintiden en oanmelde.
Mear aktiviteiten
Yn oanrin nei en yn de Gysbert Japicxpriis wike krigest by bakker Posthuma út Boalsert en Wommels en bakker Salverda út Ljouwert in kaartsje by in taartsje. Hast wat te fieren? Op nei de bakker!
Tresoar fersoarget yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân foar skoalbern in edukatyf program oer dichtsjen.
Gasten foar de priisútrikking op 6 novimber 2021 yn De Tiid yn Boalsert hawwe in persoanlike útnûging krigen.
Mear ynformaasje en kaarten: hjir