Ofwikseljende dichtersjûn yn it ramt fan de Gysbert Japicxpriis  

Op freed 5 novimber organisearje Tresoar, Explore the North en Frysk Dichterskollektyf RIXT in literêr en muzikaal program yn de Westertsjerke te Ljouwert.

De jûn set útein mei in pear oades oan it wurk fan Eeltsje Hettinga, de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2021. Ferskate keunstners dy’t mei him gearwurkje komme oan it wurd. Dichterskollektyf RIXT hat in groepke dichters – Sigrid Kingma, Elske Kampen, Edwin de Groot, Tryntsje van der Veer en Job Degenaar – frege om in poëtysk tribút te bringen oan eardere dichters dy’t de Gysbert Japicxpriis wûn hawwe. Fierders sille guon dichters yn gearwurking mei de ‘Verhalenavond’ it ferhaal oer har gedichten fertelle. En dan wurdt op dizze ôfwikseljende jûn ek noch de twatalige blomlêzing Oar hûs / Et andet hus mei Deenske en Fryske dichters presintearre. De jûn wurdt ôfsletten mei muzyk.

Program Gysbert Japicxpriis-wike

De Gysbert Japicxpriis 2021 is takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’ 2017-2019. Neffens de advyskommisje kinne dy gedichten rekkene wurde ta it bêste dat de Fryske poëzy de ôfrûne jierren opsmiten hat. Op 6 novimber krijt er de priis yn Boalsert útrikt. Om dat te fieren wurdt de dagen foarôfgeand oan dy útrikking troch Tresoar en oare organisaasjes de Gysbert Japicxpriis wike holden.

Moandei 1 novimber | literêre jûn
Op moandei 1 novimber is der yn Tresoar in literêr programma yn oparbeidzjen mei tydskrift De Moanne.

Freed 5 novimber | jûn mei literêr en muzikaal program
Op freed 5 novimber is der mei Explore the North en Frysk Dichterskollektyf RIXT in literêr en muzikaal program yn de Westerkas as ûnderdiel fan de festivalperioade fan Explore the North yn de Westertsjerke te Ljouwert.
Sjoch hjir foar ynformaasje oer it program, begjintiden en oanmelde.

Mear aktiviteiten
Yn oanrin nei en yn de Gysbert Japicxpriis wike krigest by bakker Posthuma út Boalsert en Wommels en bakker Salverda út Ljouwert in kaartsje by in taartsje. Hast wat te fieren? Op nei de bakker!

Tresoar fersoarget yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân foar skoalbern in edukatyf program oer dichtsjen.

Gasten foar de priisútrikking op 6 novimber 2021 yn De Tiid yn Boalsert hawwe in persoanlike útnûging krigen.

Mear ynformaasje en kaarten: hjir

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *