Christa Niklewicz

Christa Niklewicz (1974, Jistrum) skriuwt út har wenplak Ryptsjerk wei gedichten, muzyk en teksten yn it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Optimistysk besiket se de tsjinstridichheden dy’t yn it tinken of fielen foarbykomme te beskriuwen. Bygelyks de balâns tusken de bittere en sêfte kant fan ferfleine leafdes. Of it doel en de ûnsin fan it keapjen fan guod.

“It is in soarte fan wjerspegeling fan it kûlizelânskip yn ’e wâlden… Kûlizen sitte fol mei tsjinstridichheden. Se binne ienfâldich, beheinend en ynbannich tagelyk, mar ek ferwûnderjend yn har hieltyd nije útsichten op stikjes fruchtbere grûn mei djip bewoartele beammen. Sjochst hjir alle romte om dy hinne en tagelyk nimme wyn en oare eleminten deselde romte ek wer yn. It is fol en leech tagelyk. It is moai om dát yn de ûnderstream fan gedichten mei te nimmen.”

Yn har foardrachten – ek sjongend – slút se graach oan by de tema’s fan it momint.

Ynstjoerde gedichten
Sipelskilen (novimber 2019)


YN 'E FIK

As flammen dûnsjend
Stie ik mei dy yn ’e fik
Myn hert folslein
Ritmysk oertsjûge

Ik kaam dy temjitte yn ús wrâld
Ik wie sa mâl mei dy
Ferwyldere fan mysels
Dochs yn ’e rin fan ’e tiid
Fersmoard en ferstille

© Christa Niklewicz