De Dichter fan de Moanne foar novimber is Christa Niklewicz.
De gedichten binne te lêzen op de gedichten fan de moanne.


Rixt – Frysk dichterskollektyf
Frysk dichterskollektyf
De Dichter fan de Moanne foar novimber is Christa Niklewicz.
De gedichten binne te lêzen op de gedichten fan de moanne.

Op freed 5 novimber organisearje Tresoar, Explore the North en Frysk Dichterskollektyf RIXT in literêr en muzikaal program yn de Westertsjerke te Ljouwert.
De jûn set útein mei in pear oades oan it wurk fan Eeltsje Hettinga, de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2021. Ferskate keunstners dy’t mei him gearwurkje komme oan it wurd. Dichterskollektyf RIXT hat in groepke dichters – Sigrid Kingma, Elske Kampen, Edwin de Groot, Tryntsje van der Veer en Job Degenaar – frege om in poëtysk tribút te bringen oan eardere dichters dy’t de Gysbert Japicxpriis wûn hawwe. Fierders sille guon dichters yn gearwurking mei de ‘Verhalenavond’ it ferhaal oer har gedichten fertelle. En dan wurdt op dizze ôfwikseljende jûn ek noch de twatalige blomlêzing Oar hûs / Et andet hus mei Deenske en Fryske dichters presintearre. De jûn wurdt ôfsletten mei muzyk.
Program Gysbert Japicxpriis-wike
De Gysbert Japicxpriis 2021 is takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’ 2017-2019. Neffens de advyskommisje kinne dy gedichten rekkene wurde ta it bêste dat de Fryske poëzy de ôfrûne jierren opsmiten hat. Op 6 novimber krijt er de priis yn Boalsert útrikt. Om dat te fieren wurdt de dagen foarôfgeand oan dy útrikking troch Tresoar en oare organisaasjes de Gysbert Japicxpriis wike holden.
Moandei 1 novimber | literêre jûn
Op moandei 1 novimber is der yn Tresoar in literêr programma yn oparbeidzjen mei tydskrift De Moanne.
Freed 5 novimber | jûn mei literêr en muzikaal program
Op freed 5 novimber is der mei Explore the North en Frysk Dichterskollektyf RIXT in literêr en muzikaal program yn de Westerkas as ûnderdiel fan de festivalperioade fan Explore the North yn de Westertsjerke te Ljouwert.
Sjoch hjir foar ynformaasje oer it program, begjintiden en oanmelde.
Mear aktiviteiten
Yn oanrin nei en yn de Gysbert Japicxpriis wike krigest by bakker Posthuma út Boalsert en Wommels en bakker Salverda út Ljouwert in kaartsje by in taartsje. Hast wat te fieren? Op nei de bakker!
Tresoar fersoarget yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân foar skoalbern in edukatyf program oer dichtsjen.
Gasten foar de priisútrikking op 6 novimber 2021 yn De Tiid yn Boalsert hawwe in persoanlike útnûging krigen.
Mear ynformaasje en kaarten: hjir
Op 14 oktober sil Cornelis van der Wal optrede op ien fan de eveneminten fan it Transpoesie-poëzijfestival yn Brussel. Hy sil mei fiif oare dichters út hiel Europa – Being Bergsson fan de Faroe Eilannen, Kārlis Vērdiņš út Litouwen, Rita Kogan út Israel, Ondřej Macl út Tsjechië en Radu Bata út Roemenië – it poadium fan de biblioteek Muntpunt op. Neist in foardracht út harren eigen wurk sille se ek yn petear oer hoe’t poëzij omgiet mei it ûnderwerp Frijheid en Identiteit. It evenemint sil opnaam wurde en letter werom te sjen wêzen.

It Transpoesie-festival fynt plak fan 23 oant en mei 21 oktober mei ferskate eveneminten. It festival wurdt organisearre om de Europeeske Dei fan Talen en Taaldiversiteit (26 septimber) te fieren. De eveneminten bestean út lêzingen en panels dy’t ferskate ûnderwerpen besprekke rûnom it tema To be in the (k)now – poetry as a means of social expression. Op dizze wize wol it festival it bewustwêzen fan it taalferskaat binnen Europa fergrutsje.
Hâld www.transpoesie.eu en harren Facebookside yn de gaten foar mear ynformaasje.

Earste sirkwyjûn op 9 oktober yn kafee Marktzicht yn Drachten
Frysk Dichterskollektyf RIXT bringt It Literêr Sirkwy werom mei in nije rige literêre jûnen yn 2021-2022. Poëzy en muzyk binne de fêste yngrediïnten, lykas in iepen poadium nei it skoft. Sneontejûn 9 oktober is de ôftraap mei it earste Literêr Sirkwy yn kafee Marktzicht yn Drachten.
De ferskate RIXT-dichters dy’t ein july meidien hawwe oan RIXT op ’e Arke sette de toan foar de earste jûn, Arke yn ’zicht. Yn de Skriuwersarke op de Feanhoop wurken RIXT-dichters gear mei dichters Sigrid Kingma en Arjan Hut en muzikant Bruno Rummler. De poëzy en muzyk dy’t dat oplevere hat, wurdt yn kafee Marktzicht presintearre.
Foar it skoft binne der optredens fan de dichters Arjan Hut, Sigrid Kingma, Edwin de Groot, Syds Wiersma, Carla van der Zwaag en Janna van der Meer. De lêste beide dichters trede op mei Bruno Rummler.
Der sil ek omtinken wêze foar de poëzy fan Tsjisse Hettema, dy’t meidwaan soe oan RIXT op ’e Arke mar hommels ferstoar yn de wike dat it projekt plakhie. By útjouwerij Frysk en Frij ferskynt ynkoarten postúm Hettema syn fjirde dichtbondel Hewwy dát. Gedichten út dy bondel sille yn Marktzicht klinke.
Nei it skoft is der in iepen poadium en sil Bruno Rummler solo optrede. Elk dy’t poëzy (eigen of fan in oar) bringe wol op it iepen poadium, is tige wolkom. Wol graach efkes opjaan by: ynfo@rixt.frl. De presintaasje fan de jûn yn Drachten is yn hannen fan Edwin de Groot.

It Literêr Sirkwy waard foar it earst yn 2005 organisearre en wie tsien jier lang in fêst poadium foar skriuwers, dichters en muzikanten. Yn dy jierren wie it in inisjatyf fan It Skriuwersboun. Dichterskollektyf RIXT hat dat stokje no oernaam en sil in tal literêre jûnen op ferskate plakken yn Fryslân organisearje. Dy nije rige wurdt mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân.
Datum: 9 oktober 2021
Plak: Drachten, kafee Marktzicht, Aldewei 14
Tiid: 20.00 – 22.00 oere
Tagong: fergees
Wolkom ek by de neisit! Hâld rekken mei de jildende koroanamaatregels
Boeken fan Fryslân organisearret yn oktober sechtjin literêre optredens mei fjouwer skriuwersduo’s. Elske Schotanus & Hein Jaap Hilarides, Geart Tigchelaar & Elmar Kuiper, Hilda Talsma & Emiel Stoffers fan ‘De Hûnekop’ en Sjoerd Bottema & Jaap Louwes hawwe spesjaal foar dizze gelegenheid in eigen programma gearstald. Foardrachten út harren wurk en ynterviews oer harren wurk, al as net ôfwiksele mei muzyk foarmje de basis fan de optredens.