Sigrid Kingma nije Dichter fan Fryslân

Sigrid Kingma (Drachten, 1989) is hjoed op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Sietske Poepjes beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Sigrid Kingma folget dêrmei Nyk de Vries op dy’t hjoed mei de presintaasje fan in nije dichtbondel ôfskied naam fan syn funksje as Dichter fan Fryslân.

Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma: “Ik bin út ‘e skroeven oer myn beneaming ta Dichter fan Fryslân! De rol fan Dichter fan Fryslân past by myn wurkwize as dichter. Ik sykje poadia op, ha in skerp each foar wat der spilet en stribje der hieltyd nei om út te stiigjen boppe it deistige. De kommende twa jier wol ik ek brûke om poëzij in breder berik te jaan troch keunstfoarmen te kombinearjen.”

As Dichter fan Fryslân treedt Sigrid Kingma yn de kommende twa jier op as poëtysk ambassadeur. Se skriuwt seis oant tsien gedichten jiers, ynspirearre troch opfallende en aktuele saken yn de provinsje. In advyskommisje, besteande út Annemarie Lindeboom, Cilla Geurtsen en Tsead Bruinja (foarsitter), hat de nije Dichter fan Fryslân foardroegen oan Deputearre Steaten.

Har earste gedicht ‘Trui’ is hjir te lêzen yn it Frysk, Ingelsk en Nederlânsk.

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *