Op 2 febrewaris wie it 200 jier lyn dat in wettersneedramp in grut part fan de Súdwesthoeke fan Fryslân trof. Dêrom organisearre Stifting Sânfurd jûns in bysûnder programma yn de tsjerke fan Sânfurd. Poëzy, muzyk en sang, mei it Frysk Dichterskollektyf RIXT, foardraachster Gisela Schadenberg en fluitiste Pytsje Feenstra. Der waard ek stil stien by Gryt Witbraad, ‘dichter fan de doarpen Aldegea, Idzegea en Sânfurd’, dy’t ein 2024 ferstoar.
Tryntsje van der Veer wie ien fan de dichters dy’t op Sânfurd foardroech.
Hjir har gedicht fan dy jûn.
Foto: Tryntsje van der Veer
Oerfloed
út de stilte wei
kringe lûden ta my troch
sêfte lûden fan rinnend wetter
fan oerfloedich wetter
út de stoarm wei
streamt bloedlûd troch myn earen
sûzje skolperige tinzen
in floed fan tinzen
út de see wei
brûzje kolkjende weagen troch diken
it benimt my de siken
it stûket myn siken
ik ferstilje
ferstiivje
warleas
ik neatich minske kin it net keare
net de stoarm bedimje
it wetter yndamje
ik sykje it heechste
sjoch fan ôfstân
myn lichem stjoert de siken
keart de triennen
oant it lêst
it wetter waakst en waakst
oant de floed alles oerrint
lân wurdt see
see is hôf
Fryske boeken dreech? Hielendal net! Yn de Fryske literatuer falt genôch te laitsjen. Op twa jûnen (24 april en 22 maaie) komt de humor yn it wurk fan Hylkje Goïnga, Trinus Riemersma, Rink van der Velde en Sipke de Schiffart oan bod. Fan mylde iroany oant tragikomyske foarfallen en fan selsspot oant absurdisme: do lêst it allegear by dizze fjouwer Fryske skriuwers.
Op 24 april stiet it wurk fan Hylkje Goïnga en Trinus Riemersma sintraal
Hylkje Goïnga koe as gjin oar de finger op it seare plak lizze mei de tragykomyske foarfallen fan haadpersoan Martha. Douwe Kootstra wurke jierren mei de skriuwster gear en kin smaaklik fertelle oer wat er mei har meimakke.
Trinus Riemersma stie bekend as skriuwer fan serieuze literatuer, mar faak brûkte er humor (en iroany) om syn figueren te typearjen en kleur te jaan. Foar syn polemyske wurk brûkte er it wapen fan de humor geregeld om syn gelyk te krijen. Syn biograaf Doeke Sijens ljochtet de humor yn it wurk ta.
Op 22 maaie stiet it wurk fan Rink van der Velde en Sipke de Schiffart sintraal
Rink van der Velde skreau tal fan boeken. Syn ferneamdste en bêst ferkochte is Feroaring fan lucht oer wâldman ‘Durk Snoad’ en syn húshâlding. Ek syn Bokwerter kollums wienen hiel bekend. Bouke Oldenhof leit út hoe’t humor wurket en hoe’t dat yn it wurk weromkomt.
Sipke de Schiffart lûkt de lêzer yn syn roman Sjappy de wûndere wrâld fan Jappy yn. Babs Gezelle Meerburg dûkt yn de roman om sjen te litten hoe’t earnst en humor hân yn hân gean en wat de krêft fan kostlike ferhalen mei in tragyske ûnderstream is.
Kom yn de kunde mei it wurk en lit dy ferrasse. Gniis, glimkje of skatterje mei!
By beide jûnen binne ek boeken te keap fan de skriuwers.
Op snein 2 febrewaris wie it 200 jier lyn dat in wettersneedramp in grut part fan de Súdwesthoeke fan Fryslân trof. Dêrom organisearre Stifting Sânfurd jûns in bysûnder programma yn de tsjerke fan Sânfurd. Poëzy, muzyk en sang, mei it Frysk Dichterskollektyf RIXT, foardraachster Gisela Schadenberg en fluitiste Pytsje Feenstra. Der waard ek stil stien by Gryt Witbraad, ‘dichter fan de doarpen Aldegea, Idzegea en Sânfurd’, dy’t ein 2024 ferstoar. As earbetoan oan Gryt waard by it wetter in lyts monumint mei in gedicht fan har ûntbleate.
Hjir it gedicht dat Sigrid Kingma en Martsje de Jong as duo op Sânfurd foardroegen hawwe. De griene strofen binne fan Sigrid, de swarte fan Martsje. Oan de ein sit in ferwizing nei de dichteresse Rixt en in stikje fan it ferske ‘Meunster yn Starum’.
Foto: Sigrid Kingma
Sânfurd – Zandvoort oan it Hop
Flessepost
Glimmer yn de sinne op de oerflakke fierte ik draach myn wurd oan dy oer hoe iroanysk it papier dêr’t myn libben oan oerlevere is past yn in lege flesse
Wat songen de minsken doe
Sliep sêft myn berntsje, en,
heit is dêrbûten op ’t skolp’rjende wiet
breawinning wie it, gjin fertier
wenplak, wurkplak, gauris rêstplak
ûnthjit en driging tagelyk
It bist glimket – altyd tosken as klauwen hapt it yn in ferstoarne seemearmin in ferhaaltsje foar it sliepen alle grip op lân ferwurdt yn de fisklucht benimt de tins oan thús slacht del en klapt kopke-ûnder
wetter, we kinne der net in dei sûnder
mar wat sa leaflik eagje kin
bliuwt likegoed net te fertrouwen
de wiere aard bestoppe ûnder in pokerface
blakstil, peilleas, net te bedjipjen
oant in lytse huvering de spegel brekke lit
stikken is de yllúzje fan de werklikheid
Altyd siket it nei it ritme fan de siken net om yn de maat ta te slaan it meunster wol boartsje kitelet my ûnder de fuotten net dwaan, net dwaan
mar nei in hoartsje
wille jaan
wurdt sinne alwer skaad
slaan seilen út ’e liken
rekket alle skientme wei
it byt yn iepen plakken ik fiel it spielen om ’e ankels lit my alhiel oerstreame mar jou my noch net oer wachtsje op dyn wurden dy’t komme, komme, kom
No stiet it skom op ’e boech
de bemanning
mei in tou om ’e mêst knope
hopet op lân yn sicht
weagen skuorre alderheislikst
komme grûn en guod tenei
alles fan wearde is te licht
it wetter wreket dy’t tefolle nimt
lit dan like hurd
ek har sêfte kant wer sjen
It bern winkt ûnwennich mei beide eagen ticht nimt wat moais mei kelpstringen yn ’e teisters lokket, lûkt dy oan de pinken mei
Grapjaget mei de flesse
pielt mei de neilen oan ’e koark
smyt omheech, lit ûndergean
broazelet en brekt
set as in poppe
de lippen om ’e hals
slommeret swiet, mar wa past op?
Salang’t it meunster net as keunstner springt troch de gouden hoep krûp ik yn har skûlliif weagjende wetterwurden wurde wei yn diksap see yn de skulp wetter yn ’e earen sâlt yn ’e eagen
It kin net alles lije
boartersplak, skûlplak, stoartplak
mûnen, oalje en konteners
feilich achter dyk
yn in leechfiske see
Driuwende wurden yn flessepost
dobberje sêft op alles fan wearde
licht as kelp yn de teisters fan it bern
dat mei hoannepoaten skriuwt
wa fynt myn rop
ferpakt yn in pakket
fan konsumearre distilleard
wa binne myn maten
op dy wylde feart?
De weagen, de weagen dêr komt der wer ien. Glimmer yn de sinne De weagen, de weagen, dêr komt der wer ien. Wêr glimket er hinne?
Wa skriuwt in fers foar 12-18-jierrigen dat geskikt is om foar te dragen? It is ornearre foar FeRstival, de Fryske foardrachtwedstriid dêr’t alle jierren sa’n 75 learlingen oam meidogge. Graach wolle wy foar de edysje fan 25-26 wer in FeRsefariaasje-bondel gearstalle mei safolle mooglik nije fersen. Ut dy fersen kieze dielnimmers it gedicht foar de foarronde.
In karkommisje giet (anonym) gear oer de fersen. Wurde dy geskikt achte, dan sille se bondele wurde yn FeRsefariaasje. Dat boekje sil nei de simmerfakânsje nei de skoallen stjoerd wurde. Der binne trije doelgroepen:
– Starters 1ste klasse, dus 12/13 jier;
– Trochsetters 2de en 3de klasse, dus 14/15 jier;
– Toppers 4de klassers, MBOers en HBOers, 16/17/18 jier.
De útdaging is fansels om hjoeddeiske tematiken te ferwurkjen en út it perspektyf fan de jongeren wei te skriuwen. Ferline jier keazen de Starters bygelyks opfallend faak it gedicht ‘Nije jas’ fan Berber Spliethoff. In net al te dreech gedicht mei in tema dat foar skoalgeande jongerein werkenber is. De groep Toppers kin al hiel wat oan en kiest faak moderne poëzij.
De fergoeding is € 75,- it gedicht as de karkommisje in fers útkiest. Bydrages kinne oanlevere wurde oant 3 maaie o.s. fia ferstival@cedin.nl.
FeRstival hopet wer in soad fersen binnen te krijen. Neat moaier as dielnimmers dy’t nij wurk foardrage!
Skriuwgroep FeRstival
Wolst ek gedichten skriuwe foar FeRstival, de Fryske foardrachtwedstriid foar middelbere skoallen, mar soest ûnder it skriuwproses graach feedback krije fan oare dichters? Of fynst it gewoan moai om wat djipper yn de foardrachtkultuer te dûken? Slút dan oan by de Skriuwgroep Ferstival, in groep dichters dy’t ûnder lieding fan Dichter fan Fryslân Arjan Hut oan ‘e slach giet mei it skriuwen fan gedichten dy’t geskikt binne om foar te dragen. Mei de groep wurde de gedichten bepraat en dielnimmers jouwe inoar tips.
Datums: tiisdei 25 maart, 1 april, 8 april en 15 april
Tiid: 19.30 oere
Lokaasje: Tresoar, Gysbert-Japicxseal
Kosten: fergees
Der is plak foar maksimaal 12 dielnimmers. Oanmelde kin oant 15 maart by Arjan Hut, a.j.hut1976@kpnmail.nl.
Op snein 2 febrewaris wie it 200 jier lyn dat in wettersneedramp in grut part fan de Súdwesthoeke fan Fryslân trof. Dêrom organisearre Stifting Sânfurd jûns in bysûnder programma yn de tsjerke fan Sânfurd. Poëzy, muzyk en sang, mei it Frysk Dichterskollektyf RIXT, foardraachster Gisela Schadenberg en fluitiste Pytsje Feenstra. Der waard ek stil stien by Gryt Witbraad, ‘dichter fan de doarpen Aldegea, Idzegea en Sânfurd’, dy’t ein 2024 ferstoar. As earbetoan oan Gryt waard by it wetter in lyts monumint mei in gedicht fan har ûntbleate.
André Looijenga wie ien fan de dichters dy’t op Sânfurd foardroech.
Hjir syn gedicht fan dy jûn.
Ferjittelgrûn
lykas in spegel, sa dof en griis as lead
as in doffe spegel leit rûnom de mar
ûnder de mar hat him it lân fergetten
oer de grûn leit it grize wiet
dit wetter is troch de diken kolke
dit wetter is oer de marswâlen spield
dit wetter is út de groppen opwâle
út djipte wei lit wetter de grûn ferjitten
rûnom it wiet, en feal de dei
de huzen, pleatsen lizze as skippen
driuwe as skippen yn de rede
lykas seelju sit men, wachtet men
stoarm net mear, mar wiete kjeld
oer jins grûnleas djippe kolken
djip is it wetter út de groppen wâle
djip út jins grûn wâlet de wanhoop op
o Heare, ha Jo ús fergetten?
skriuw yn it ferjittelboek ús net
it kâlde wiet, de doffe leaden spegel
ferjit wat efterbleau
lit yn de rede lizzen wa’t efterbleau
ûnder dit deiljocht feal as âlde himden
wachtet men de moarntiid
op Jo moarntiid wachtsje ik, och wannear?
út ús djippe kolken, út dizze grûn
wâlet it ferjitten op
ien mar waard dit lân, in doffe spegel
spiel oer ús
Jo grime net, mar sjoch op ús, Jo antlit
dit wetter is oer de groppen spield
dizze puollen ha de wâl fergetten
dizze grûn hat him yn de mar fergetten
hjir spegelet ús grûn as lead sa griis
André Looijenga 2.2.2025
Betinking wettersneed 1825
Foardroegen op Sânfurd
Op sneon 8 en snein 9 febrewaris hâldt it Skriuwersbûn in noflik wykein foar leden. Nei in aktive workshop oer toanielskriuwen op sneon, is der op de sneintemoarn in lêzing dy’t ek tagonklik is foar it publyk. Abe de Vries (skriuwer, dichter, oersetter, essayist, journalist en mear) sil leafhawwers fan de Fryske literatuer fertelle oer syn biografy oer Waling Dykstra (1821-1914), samler en skriuwer fan folksferhalen en ek einrekdakteur fan it Frysk wurdboek. Wat makket Waling Dykstra sa spesjaal en nijsgjirrich en hoe wurket dat: in biografy skriuwe?
De lêzing begjint om 10.30 oere en kostet foar net-leden fan it Skriuwersbûn € 15,00 (mei kofje/tee en wat derby). Wa’t nei ôfrin ek graach lunsje wol mei de oanwêzige skriuwers, om te praten oer harren wurk en de Fryske literatuer yn it algemien, is fan herten wolkom. Lêzing en lunsj binne dan € 30,00. Oanmelde foar de lunsj is wol ferplichte. Dat kin op ynfo@skriuwersbun.frl