Radio Moanneljocht fan Tryater

Tsien skriuwers lieten harren ynspirearje troch it tema fan de Tryater-foarstelling Nacht en yn Radio Moanneljocht drage hja harren eigen wurk foar. Fan hjoed oant en mei 12 maaie binne dy ferhalen en fersen alle nachten nei it nijs fan 24.00 oere te beharkjen op Omrop Fryslân Radio.

Tsien skriuwers mei ûnder oaren Pieteke de Boer en Yva Hokwerda litte  harren eigen skreaune teksten hearre yn yn tsien koarte ôfleverings om ús yn it moanneljocht te setten. De ferhalen/gedichten (6 Fryske en 4 Nederlânske) binne ynspirearre op it tema fan de Tryater-foarstelling Nacht. In útstjoering op dat lette tiidstip jout de harker in momint om efkes stil te stean by de moanne en te reflektearjen op de nacht.  De presintaasje is mei Raymond Muller en Sytse Jansma.

De skriuwers hawwe harren dwaande holden mei fragen as ‘Hoe rûkt de nacht? Hoe klinkt de nacht? Wêr tinksto oan flak foar it sliepen gean?’ En ‘Wat sjocht de moanne, as se nei ûnderen ta sjocht?’ De skriuwers hawwe harren observaasjes ferwurke ta in gedicht foar de buorman mei sliepproblemen, in lied foar de sekswurker of in oade oan de pizzakoerier. Mei dy kreatieve taaluteringen wol Radio Moanneljocht minsken graach optille út de deistige realiteit.

Syds Wiersma skriuwt gedicht foar Smokkelbern 75+1 jier letter

Tsientallen Joadske bern dy’t yn de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân ûnderdûkt wienen, binne dizze snein yn in telefyzjeútstjoering fan Omrop Fryslân (online) byinoar brocht yn it ramt fan 75+1 jier frijheid.

Sjoch it folsleine programma fan Omrop Fryslân werom, of harkje hjirûnder nei Syds Wiersma syn gedicht, foardroegen troch de 9-jierrige Fedde út Kollumersweach.

IT BERN

it bern is der net mear
it bern is fuort
losskuord
fan mem har tút
en heit syn mazzel tov

it bern sliept op in leppeltsje bearenburch
en glydt yn in koffer 
oer it wetter nei in fiere kust

it giet oan in frjemde hân mei trein en bus 
hieltyd leger wurdt it lân
der liket net safolle oan
wurdt hjir wol tute of lechaim roppen?

is it bern der noch?
it laket, it yt, it boartet bûten
it praat sels frysk  
mar it is syn eigen namme kwyt
net ien mei witte hoe’t er hyt

it bist mei de smoarge snút
wachtet yn it keldersgat
op stampende learzens marsjeart er dêrút 
it bern moat ûnder it lûk
kin it bist him rûke
as er fielt ik wol yn feilige earms dûke? 

is it bern der noch?
it lân is frij 
wêr heart it bern no by?
wurdt er helle of kin er bliuwe?

as se tsjin him roppe 
do bist net ien fan Liuwe en Doet
do hytst Cohen, do bist in joad
dan docht dy namme sear
mem har tút, heit syn mazzel tov ferlern
is it bern der net mear

it bern siket syn paad
it besjocht de kaart 
en freget, wêr sil ik hinne?
wêr’t gjin slaven binne, sizze smoarde stimmen
wêr’t in gruzelemint in sprankje wurdt
ast it lymje kinst
en doarst der oer te rinnen

it bern is der noch
it bern begjint syn tocht

 

Nije bondel Hidde Boersma

Hidde Boersma hat in nije dichtbondel, Dûnsje mei de Derwysk.

De dichtbondel is û.o. opdroegen oan Nasr Abu Zayd, de Egyptyske heechleraar yn de islam dy’t wenne en wurke yn Nederlân. Nasr Abu Zayd wie in spesjalist yn de stúdzje fan de Koran en de mystike filosofy. Troch syn krityk op de sharia kaam er yn oanfarring mei islamityske fundamentalisten yn Egypte. Hy waard bestimpele as ôffalige en moast yn 1995 útwike.

De gedichten yn dizze bondel teare de frije kop binnenstebûten. De Doede krijt in earm, in skonk, in skonk, in earm en in holle.

De bondel is útjûn by Utjouwerij Hispel en te ferkrijen foar €15,-

Oprop Transpoesie yn Brussel

As ûnderdiel fan it TRANSPOESIE-projekt fynt der jierliks  in poëtysk poadium plak dêr’t dichters út hiel Europa wei oan meidogge en inoar en it publyk ynspirearje. Oft dat dit jier op lokaasje wêze sil of online, is no noch net te sizzen. De ôfrûne jierren hawwe Elmar Kuiper, Janneke Spoelstra  en Nyk de Vries it Frysk mei gloede fertsjintwurdige. De dichters ha op it evenemint foardroegen út harren wurk en ien fan harren gedichten wie te lêzen yn it iepenbier ferfier fan Brussel.

It TRANSPOESIE-projekt waard yn it neijjier fan 2011 start yn Brussel, ta eare fan de Europeeske Dei foar Taal- en Linguistyske Diversiteit, dy’t alle jierren fierd wurdt op 26 septimber.

Wolsto gading meitsje nei in plakje op dit Brusselske, EU- en poëtyske poadium, dan is dizze oprop wat foar dy. Meld dy foar 11 april oan troch oan it bestjoer fan it Skriuwersboun in mail te stjoeren mei in gedicht dy’tst graach foardrage wolst op it festival.

In ûnôfhinklike sjuery sil in kar meitsje út de oanmeldings en komme ta in foardracht oan de organisaasje fan Transpoesie.

 

Oftraap Fryske Boekewike 6-14 maart

De ôftraap fan de Fryske Boekewike 2021 op sneontejûn 6 maart waard fierd mei skriuwers en dichters yn de Westertsjerke yn Ljouwert.

Spesjale gast wie de skriuwster fan it Fryske kadoboek Hilda Talsma, mar ek skriuwer/dichter Hein Jaap Hilarides wie tafelgast en Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar wienen te sjen as skriuwersduo. Oare gasten wiene û.o. Alex de Jager (direkteur Afûk), Eveline Aendekerk (direkteur CPNB) en Ad Peek (direkteur Van der Velde Boekhannels).

Klik om de ôftraap werom te sjen