De Dichter fan de Moanne foar juny is Rein de Lange.
De gedichten binne te lêzen op de gedichten fan de moanne.


Rixt – Frysk dichterskollektyf
Frysk dichterskollektyf
De Dichter fan de Moanne foar juny is Rein de Lange.
De gedichten binne te lêzen op de gedichten fan de moanne.

It Skriuwersboun, de feriening fan en foar Fryske Skriuwers, Oersetters, Sjoernalisten en oare Publisisten, jout alle learlingen fan middelbere skoallen dy’t dit jier it Frysk eksamen dogge in kado.
Hja krije it jubileumboek ‘Nearnewâld’, mei bydragen fan 45 skriuwsters en skriuwers. Laurens Bontes makke in tekening fan in tinkbyldich Frysk doarp mei allerhanne nijsgjirrige details. By dy tekening makken de auteurs koarte ferhalen en gedichten, meast yn it Frysk, mar ek yn oare yn Fryslân sprutsen talen. Yn 2019 bestie it Boun fyftich jier, en dat waard fierd mei û.o. dizze spesjale útjefte.
It boek biedt in prachtich priuwke fan wat de leden fan it Boun kinne, in stalekaart fan de aktuele Fryske literatuer. Krekt wat foar de jongerein dy’t aardichheid hat oan it Frysk en ek doart te kiezen foar it Frysk as fak.

It Boun hat by útjouwerij Elikser 200 boeken byprintsje litten. De boeken wurde oanbean op de dei dat de Fryske eksamens ôfnommen wurde, op 31 maaie en 1 juny. It earste eksimplaar wurdt oanbean by Skoallemienskip Liudger yn Burgum, op 31 maaie oan de earste learling dy’t klear is mei har of syn eksamen.
Wêrom dêr yn Burgum de earste útrikking? Liudger hat de measte learlingen mei Frysk yn har pakket, wol 54! Dat komt wierskynlik omdat by Liudger ek de klassen 2 en 3 standert Frysk oanbean krije. It Frysk bliuwt sa foar de measte learlingen in fertroud fak, mei likefolle status as oare fakken, en dan is it ‘normaler’ om dat as eineksamenfak te kiezen.
Mar ek yn Boalsert, Ljouwert, Drachten, Surhústerfean, Frjentsjer, Snits, Koudum en Dokkum kieze learlingen foar Frysk op: Marne College, Stedelijk Gymnasium Ljouwert, !Impulse Ljouwert, Ljouwerter Lyseum, Drachtster Lyseum, Singelland, Csg Anna Maria van Schuurman, Csg Bogerman, Dockinga. Ek op dy skoallen krije dy beide dagen de learlingen mei Frysk har fergeze boek.
Wetterskip Fryslân en it Woudagemaal skriuwe in gedichtewedstryd út omdat sy fiere dat it Woudagemaal al 100 hier soarget foar drûge fuotten yn ús moaie provinsje.
Wat falt der te winnen?
Wêr moat it oan foldwaan?
Alderearst moat it gedicht yn it Frysk wêze en as twadde moat it oer ‘wetter’ gean. De romte foar it gedicht is beheind dus hâld dêr rekkening mei.

Meidwaan?
Stjoer dyn moaiste gedicht nei: info@woudagemaal.nl foar 15 juny 2021. In sjuery sil alle gedichten besjen en de winner útkieze.
Mear ynformaasje: https://www.woudagemaal.nl/nieuws/gedichten-wedstryd-woudagemaal.htm
De RIXT-dichters Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar presintearje yn ’e mande mei de Deenske dichters Peter Laugesen, Carsten René Nielsen, Annemette Kure Andersen, Thomas Dalgaard en Mads Mygind op it ynternasjonale literatuerfestival LiteratureXchange yn Aarhus de twatalige blomlêzing Oar hûs / Et andet hus, útjûn troch Hispel.
Yn 2019 hawwe de fjouwer Fryske dichters in wike yn Aarhus west om kollega-dichters te treffen en om op te treden. Dêr is in gearwurking mei de fiif Deenske dichters út fuortkommen. Sa hawwe hja dwaande west om inoars wurk oer te setten, fjouwer fan elke dichter. Geart Tigchelaar hat de bondel fan foto’s foarsjoen.

‘In oar hûs kin fiele as thúskommen op in oar plak,’ sa stiet yn it foaropwurd fan ’e bondel. En dat is krekt hoe’t de Fryske dichters harren fielden yn de twadde grutste stêd fan Denemarken. En fan dat oare hûs jouwe hja poëtysk blyk yn de twatalige bondel.
Yn juny wurdt de tredde edysje fan it Aarhusiaanske literatuerfestival LiteratureXchange holden. It festival duorret alve dagen lang mei in soad ynternasjonale skriuwers dy’t mei-inoar mear as 180 optredens, masterclasses, lêzings, ensafuorthinne jouwe. De presintaasje fan ’e bondel Oar hûs / Et andet hus is op 16 juny.
Dichteresse Ina Schroders-Zeeders is offisjeel ynstallearre as “Dichter van Terschelling” troch wethâlder Haringa fan de gemeente Skylge. Sy krige dêrfoar in spesjaal spjeldsje om te dragen by optredens yn dy rol.
De beneaming is foar trije jier. Yn dy tiid sil sy gedichten skriuwe ynspirearre troch Skylge. Dy gedichten wurde publisearre yn it Weekblad de Terschellinger.
Har gedicht “De ôde kôb” is te sjen yn it gemeentehûs en aanst ek yn de bibleteek en yn de Stilen.
Foar de alfde kear wurdt yn Septimber yn Brussel it Transpoesie Poëzijfestival organisearre. Nei Janneke Spoelstra (2018), Elmar Kuiper (2019) en Nyk de Vries (2020) sil Fryslân dit jier fertsjintwurdige wurde troch Cornelis van der Wal. Hy sil op 26 septimber in optreden fersoargje, op de Europeeske Dei fan ’e Talen.
In sjuery besteande út Alex Riemersma (adviseur taalbelied by de Provinsje Fryslân en lektor oan NHL Stenden), Janneke Spoelstra (Fryske Akademy) en Ammerins Moss-de Boer (It Skriuwersboun) hawwe út seis opjeften de dichter Cornelis van der Wal keazen mei syn gedicht ‘Snie is in died fan ferset’. Syn ynstjoering waard troch de sjuery typearre as in melodieus gedicht dat it tema op aktuele wize byldzjend ta utering bringt troch it iensume, kâlde mar ek needsaaklike fan ferset en protest mei wurden te beskriuwen dy’t alle sintugen op skerp sette, en dat by elke lêzing wer wat nijs jout om oer nei te tinken.

Cornelis van der Wal (Ljouwert, 28 jannewaris 1956) is in Frysk skriuwer en dichter. Hy publisearre sân dichtbondels. Mei syn earste bondel In nêst jonge magneten wûn hy yn 1993 de Fedde Schurerpriis. Yn 2019 waarden oersettingen fan seis fan syn gedichten yn it renommearre Deenske tydskrift Hvedekorn publisearre.
Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, siket twa minsken om mei him ien kear yn de moanne in gedicht te lêzen en it der koart oer te hawwen. Dat kin sawol in Nederlânsktalich as in Frysktalich gedicht wêze. De bedoeling is om alle kearen in koart petearke te hawwen oer it oanbelangjende fers. Sprekt it dy oan, of miskien wol krekt net mar fynst wol de taal moai of foar itselde jild hast op alle fronten neat mei it gedicht. Alles kin, alles jout stof ta FERSpraat!

De opnames binne alle moannen op woansdeitemiddei yn Streekargyf Noardeast-Fryslân yn Dokkum (Brokmui 62) om 16:00 oere en wurde makke troch Tigchelaar sels. It wurdt útstjoerd troch streekomrop RTV NOF yn it programma Weekend Nieuwsshow en sille sa’n 10 minuten lang wêze.
Dus meisto graach gedichten lêze en fynst it leuk om it der oer te hawwen, nim dan kontakt op mei Geart Tigchelaar. Opjaan kin oant 20 maaie. Meist him ek frijbliuwend om mear ynformaasje freegje.