Syds Wiersma skriuwt gedicht foar Smokkelbern 75+1 jier letter

Tsientallen Joadske bern dy’t yn de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân ûnderdûkt wienen, binne dizze snein yn in telefyzjeútstjoering fan Omrop Fryslân (online) byinoar brocht yn it ramt fan 75+1 jier frijheid.

Sjoch it folsleine programma fan Omrop Fryslân werom, of harkje hjirûnder nei Syds Wiersma syn gedicht, foardroegen troch de 9-jierrige Fedde út Kollumersweach.

IT BERN

it bern is der net mear
it bern is fuort
losskuord
fan mem har tút
en heit syn mazzel tov

it bern sliept op in leppeltsje bearenburch
en glydt yn in koffer 
oer it wetter nei in fiere kust

it giet oan in frjemde hân mei trein en bus 
hieltyd leger wurdt it lân
der liket net safolle oan
wurdt hjir wol tute of lechaim roppen?

is it bern der noch?
it laket, it yt, it boartet bûten
it praat sels frysk  
mar it is syn eigen namme kwyt
net ien mei witte hoe’t er hyt

it bist mei de smoarge snút
wachtet yn it keldersgat
op stampende learzens marsjeart er dêrút 
it bern moat ûnder it lûk
kin it bist him rûke
as er fielt ik wol yn feilige earms dûke? 

is it bern der noch?
it lân is frij 
wêr heart it bern no by?
wurdt er helle of kin er bliuwe?

as se tsjin him roppe 
do bist net ien fan Liuwe en Doet
do hytst Cohen, do bist in joad
dan docht dy namme sear
mem har tút, heit syn mazzel tov ferlern
is it bern der net mear

it bern siket syn paad
it besjocht de kaart 
en freget, wêr sil ik hinne?
wêr’t gjin slaven binne, sizze smoarde stimmen
wêr’t in gruzelemint in sprankje wurdt
ast it lymje kinst
en doarst der oer te rinnen

it bern is der noch
it bern begjint syn tocht

 

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *