Ina Schroders-Zeeders ynstallearre as Dichter van Terschelling

Dichteresse Ina Schroders-Zeeders is offisjeel ynstallearre as “Dichter van Terschelling” troch wethâlder Haringa fan de gemeente Skylge. Sy krige dêrfoar in spesjaal spjeldsje om te dragen by optredens yn dy rol.

De beneaming is foar trije jier. Yn dy tiid sil sy gedichten skriuwe ynspirearre troch Skylge. Dy gedichten wurde publisearre yn it Weekblad de Terschellinger.

Har gedicht “De ôde kôb” is te sjen yn it gemeentehûs en aanst ek yn de bibleteek en yn  de Stilen.

Foto: Marianne Hart, Fotohartenkamstra / Terschellingfoto.nl

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *