‘Nearnewâld’ foar alle eksamenstudinten Frysk

It Skriuwersboun, de feriening fan en foar Fryske Skriuwers, Oersetters, Sjoernalisten en oare Publisisten, jout alle learlingen fan middelbere skoallen dy’t dit jier it Frysk eksamen dogge in kado.

Hja krije it jubileumboek ‘Nearnewâld’, mei bydragen fan 45 skriuwsters en skriuwers. Laurens Bontes makke in tekening fan in tinkbyldich Frysk doarp mei allerhanne nijsgjirrige details. By dy tekening makken de auteurs koarte ferhalen en gedichten, meast yn it Frysk, mar ek yn oare yn Fryslân sprutsen talen. Yn 2019 bestie it Boun fyftich jier, en dat waard fierd mei û.o. dizze spesjale útjefte.

It boek biedt in prachtich priuwke fan wat de leden fan it Boun kinne, in stalekaart fan de aktuele Fryske literatuer. Krekt wat foar de jongerein dy’t aardichheid hat oan it Frysk en ek doart te kiezen foar it Frysk as fak.

Foto: Skriuwersboun. Yllustraasje troch Laurens Bontes

It Boun hat by útjouwerij Elikser 200 boeken byprintsje litten. De boeken wurde oanbean op de dei dat de Fryske eksamens ôfnommen wurde, op 31 maaie en 1 juny. It earste eksimplaar wurdt oanbean by Skoallemienskip Liudger yn Burgum, op 31 maaie oan de earste learling dy’t klear is mei har of syn eksamen.

Wêrom dêr yn Burgum de earste útrikking? Liudger hat de measte learlingen mei Frysk yn har pakket, wol 54! Dat komt wierskynlik omdat by Liudger ek de klassen 2 en 3 standert Frysk oanbean krije. It Frysk bliuwt sa foar de measte learlingen in fertroud fak, mei likefolle status as oare fakken, en dan is it ‘normaler’ om dat as eineksamenfak te kiezen.

Mar ek yn Boalsert, Ljouwert, Drachten, Surhústerfean, Frjentsjer, Snits, Koudum en Dokkum kieze learlingen foar Frysk op: Marne College, Stedelijk Gymnasium Ljouwert, !Impulse Ljouwert, Ljouwerter Lyseum, Drachtster Lyseum, Singelland, Csg Anna Maria van Schuurman, Csg Bogerman, Dockinga. Ek op dy skoallen krije dy beide dagen de learlingen mei Frysk har fergeze boek.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *