Twatalige bondel Oar hûs – Et andet hus

De alderearste Frysk-Deenske blomlêzing presintearret fersen fan fjouwer dichters út Fryslân en fiif Deenske dichters dy’t yn Aarhus wenje. Dat binne: Elmar Kuiper, Geart Tigchelaar, Cornelis van der Wal, Syds Wiersma, Annemette Kure Andersen, Tomas Dalgaard, Peter Laugesen, Mads Mygind en Carsten Rene Nielsen.

It idee foar de blomlêzing ûntstie doe’t de Fryske dichters in besite brochten oan Aarhus en fielden dat hja harren in oar hûs fûn hienen, fandêr de titel Oar hûs/Et andet hus.

De bondel hat foto’s fan Geart Tigchelaar

Yn juny hawwe de RIXT-dichters nei Denemarken west om it boek te presintearjen.

De twatalige Deensk-Fryske dichtbondel is te ferkijen foar €21,50. De bondel is útjûn by Hispel.

Nije bondel ‘Noas tsjin ’t glês’ Edwin de Groot

Edwin de Groot syn fyfde dichtbondel is út: Noas tsjin ‘t glês

Yn Noas tsjin ‘t glês sjocht de dichter: nei bûten, nei binnen, nei himsels en somtiden sjocht hy ek neat. De bondel set útein mei it gedicht ‘Oanreitsje’:

de wrâld hoecht net ûnbekladde, in bytsje goed fallend 

soe al noflik wêze en troaikjend

ast him oanreitsje kinst

Edwin de Groot ferstiet de keunst om alderhande ûnderwerpen dy’t op syn wei komme yn bysûndere taal om te setten. Dat kinne persoanlike tema’s wêze, lykas it ferstjerren fan in broer dy’t ‘as yn in Ingelske wals (…) / út doarp en sicht ferdwynt’, mar ek maatskipklilke ûntjouwingen.

Alles sil op in stuit ferdwine, dat is wol wis, mar ûnferskilligens hoecht gjin rom paad.

De bondel is te keap foar € 17,50 en is útjûn troch de Afûk.

Minskewolf

Elmar Kuiper en filmmakker Ester Eva Damen makken yn de ôfrûne moannen in teaterfoarstelling mei film en poëzy. Yn dy multimediale foarstelling mei akteur Rienk Nicolai en muzyk fan de Tigers fan Greonterp, draacht Elmar Kuiper al sjongend Frysktalige gedichten foar dy’t foar in part gean oer syn wurk yn de psychiatry en part oer de moeting mei de oar. Elmar Kuiper ferhâldt him as Fakman ta de Minskewolf dêr’t it mar de fraach by is, wa’t de broeder is en wa’t holpen wurdt.

Dizze foarstelling Minskewolf makket diel út fan in trijelûk. Ester Eva Damen makket trije koarte films yn gearwurking mei Elmar Kuiper, Tsead Bruinja en Nynke Laverman ûnder de titel Rûzje Wyn.

Minskewolf is in produksje fan Explore the North. 

Wannear

freed 2 july – 20.30 oere
sneon 3  july – 20.30 oere

Plak Westerkerk

Priis: € 12,50

Taal: Frysk

Mear ynformaasje en kaarten: hjir.

Ljouwert sil Tommelje

Op 10 en 11 july stean Tsead Bruinja en keunstner Jules van Hulst yn Zalen Schaaf mei Tuimelaar. Dat is in performance en in meditaasje oer leafde dêr’t fideo, poëzy en ynstallaasje inoar útdage. Yn seis haadstikken ûnderfine Bruinja en van Hulst wat minsken ferbynt. Sy diele harren ûnderfinings oer it omearmjen fan en it ferset tsjin leafde. Dat kin gean oer de leafde binnen in freonskip of in romantyske relaasje of de leafde foar eat hegers en ûngrypbers, de mystike leafde.

Ast de Tuimelaar as in ynstrumint sjochst, dan kinst sizze dat er rôlet. Ast de Tuimelaar as in gedrach sjochst, dan kinst sizze dat er meibeweecht. Mar wat driuwt him? De hannen fan Van Hulst of de wurden fan Bruinja soest tinke, mar dat is it net. De leafde set de saak yn beweging en makket beide manlju de spylbal fan in lot dêr’t sy harren oan oerjaan moatte. Dy striid tusken ferset en akseptaasje makket Tuimelaar.

Tuimelaar is in produksje fan Explore the North, keunster Jules van Hulst, dichter Tsead Bruinja, Wieger Steenhuis (showcontrols) en regisseur Annelie David.

Wannear:

Sneon 10 july – 16.30 en 20.00 oere (Nederlânsktalich)

Snein 11 july – 14.00 oere (Nederlânsktalich) en 16.30 oere (Frysktalich)

Wêr: Zalen Schaaf

Priis: € 12,50

Mear ynformaasje en kaarten: hjir

Godwits

Nim plak yn in waarm nêst fol Portugeeske en Fryske gedichten

Hoe giet it eins mei de skries? En wat seit dat oer de wrâld dêr’t wy yn libje? Dêr’t wy romte litte foar de natoer fynst de skries. De Portugeeske dichters Raquel Lima en Nuno Piteira en de Fryske dichters Elmar Kuiper en Jan Kleefstra stapten yn de fuotspoaren fan dizze steltrinner en makken de trektochten nei de briedplakken fan de skriezen yn beide lannen.

Basearre op meardere besites yn Fryslân en Portugal nimme de slam poets en dichters dy mei yn in rike live ûnderfining fol mei foardrachten en Portugeeske lieten, droegen troch de muzyk fan Joana Guerra (selliste) en Romke Kleefstra.

Wannear: sneon 2 okt, 20:30 oere

Wêr: Westerkerk, Ljouwert

Priis: € 12,50 |

Taal: Frysk en Portugeesk

Klik hjir foar mear ynformaasje en kaarten

Oer de streek – Geart Tigchelaar fytst alle 52 doarpen fan Noardeast-fryslân del

Op freed 2 july stapt Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, yn Dokkum op de fyts om yn 14 dagen troch alle 52 doarpen yn de gemeente te fytsen. Hy sil alle dagen sa’n trije oant fjouwer doarpen oandwaan om sa op 16 july wer yn Dokkum te einigjen.

Tigchelaar wol wylst in lang gedicht skriuwe dat de titel ‘Ballade fan Noardeast’ meikriget en hopet dêrby net allinnich ynspiraasje op te dwaan troch de tocht troch de lânsdouwe sels mar ek troch yn ’e kunde te kommen mei de ynwenners fan alle doarpen en de stêd Dokkum. De Streekdichter docht om dy reden ek de oprop oan elkenien om him op te sykjen wannear’t er yn jo doarp komt. It moat sadwaande in gedicht wurde oer de streek, dêr’t de titel fan it projekt weikomt. Tigchelaar hat in soarte fan flipover op syn fytskarke dêr’t elk wat opskriuwe kin dêr’t hy/sy fan fynt dat it yn it gedicht moat. Op Tigchelaar syn webstee, wurdbyld.com, stiet syn rûte en deiplenning, sadat minsken sjen kinne wannear’t er yn hokker doarp is.

It startskot foar de fytstocht wurdt jûn op 2 july om 10:00 oere foar de bibleteek fan Dokkum. Der sil dan ek in optreden fan de foarige Streekdichter, Jankobus Seunnenga, wêze.

Geart Tigchelaar (1987) is yn jannewaris oansteld as Streekdichter fan Noardeast-Fryslân en oefenet dat amt twa jier lang út. Dêrby wol er de poëzy ûnder de oandacht bringe troch it inisjearjen fan ûnderskate projekten. Sa stiet er ek elke lêste woansdei fan ’e moanne op de merk yn Dokkum mei it projekt ‘Merkgedicht’