Wat wit ik fan dizze wrâld

Op 9 oktober die tydskrift De Moanne dizze skriuwoprop:
https://www.demoanne.nl/skriuwoprop-wat-wit-ik-fan-dizze-wrald/

De oprop freget fan skriuwers in tal nuvere aksjes en stelt frjemde fragen:

‘It wurdt tiid dat skriuwers yn Fryslân harren potlead de grûn yn stekke om te fernimmen wêr’t al dy trillingen dy’t ús demokratyske tradysje oan it wankeljen bringe, wei komme.’
(Ja, ’k wit net, Grinslân?)

‘Of dat se harren laptop iepenklappe en as in seiltsje omheech hâlde om mei te farren op de wyn fan de tiid.’
(Tsjong. Ik sjoch it al foar my, in tal skriuwers yn in boatsje op de Bonkefeart mei de laptop omheech yn in noardwester stoarm. Of is dat net de bedoeling?)

‘De bining mei de werklikheid is hast ferbrutsen yn de Fryske literêre tradysje. Heech tiid om ús de fraach te stellen: Wat wit ik fan dizze wrâld?’

Gerrit de Vries skreau nei oanlieding fan dat fragefjoer it neikommende fers

 

Foto: Geart Tigchelaar

 

Wat wit ik fan dizze wrâld

ik moat in potlead
yn de grûn stekke
ik moat myn laptop iepenklappe
en as in seil omheech hâlde

ik moat my oan in minimum
fan regels hâlde
ik moat benei te kommen wêze
en oannimlik
ik moat klisjee-frij wêze
ik moat rinne as in trein

ik moat fersen skriuwe
yn geef Frysk
ik moat om stavering tinke
ik moat oaren lêze litte
ik moat soarch besteegje
oan foarm en ynhâld

it liket wol strafwurk

myn wierheid hâldt him net
oan regels
myn wierheid is in ouwehoer
in ritich wiif
mei elke Moanne
op de wyn fan de tiid
in harsensblieding

mei myn laptop
op ’e knibbels
byn ik myn werklikheid
yn fersen wraam ik
dêr leaf myn potlead yn
en sil har ris
goed trilje litte

it soe tiid wurde

© Gerrit de Vries

Identiteitskrisis

Geart Tigchelaar treedt hjoed op by IepenUp, dat fan ’e jûn it tema ‘Wij Vikingen’ hat nei oanlieding fan de tentoanstelling mei dyselde namme yn it Frysk Museum. Understeand fers hat er spesjaal foar de jûn skreaun.

Foto: Ydwine Scarse

 

hjerst yn Jirnsum

Rely Jorritsmaprizen 2019 útrikt

Op sneon 5 oktober waarden de Rely Jorritsmaprizen fan 2019 yn Bears útrikt. Trije gedichten en twa ferhalen kamen neffens de sjuery yn de beneaming foar in priis. Under de winners sieten twa leden fan dichterskollektyf RIXT. Elmar Kuiper krige in priis foar it koarte ferhaal ‘Ik doch it foar dy’ en Henk Nijp syn fers ‘Wy kinne …’ waard ek bekroand, beide mei in priis fan €1000,- . De gedichten en fersen fan alle winners en it sjueryrapport binne te lêzen yn it lêste nûmer fan de papieren Ensafh (nr. 4, 2019). RIXT wol hjirby de fiif skriuwers noch fan herten lokwinskje mei dit moaie resultaat! Hjirûnder in noch net earder publisearre fers fan Henk Nijp mei de titel ‘hjerst yn Jirnsum’.

Foto: Piet Douma fotografie, (PDF)

 

hjerst yn Jirnsum

yn in skiere wale wâdzje do en ik
troch toarre blêden, op rêgen reage
yn in bluisterige nacht,
de buorren duldsum yn it iere ljocht
fertroud en wachtsjend op ’e dei,
ien ka, ien kat
– mear net

wy rinne noch in slach
dyn fernuvering by djipread blêd,
de ferrassing fan in kiezelstien,
wiffe stapkes op rântsjes
fan ’e takomst, in ûnwis hantsje
de kat tripket ús wat skou temjitte
de ka dy’t ynienen skrast,
dyn glimk dêrby, en nochris op ’e nij
– mear is ek net nedich

© Henk Nijp

Twa fersen oer de werklikheid

De Oprop van De Moanne

Hjoed twa nije fersen fan Jan Kleefstra nei oanlieding fan in oprop fan it algemien-kultureel opinyblêd De Moanne. Kleefstra: ‘De redaksje fan De Moanne ropt Fryske skriuwers op om út ’e skulp te krûpen en harren om ’e werklikheid te bekroadzjen. Hat de redaksje him dêrby ôffrege wat ‘werklikheid’ is? Binne net alle (skriuwers)wurden en keunstuterings in refleksje op hokfoar werklikheid dan ek? Wat werklikheid hawwe se it oer? Ik kin dêr wol in reaksje op betinke, mar ik lit de folslein mispleatste suggestjes graach oan harsels. En as se dan ek noch guon nammen fan skriuwers neame dy’t har wól om dy saneamde werklikheid bekroadzje, skowe se alle skriuwers dy’t se net neame mei ien feech yn de blykber leechachte hoeke dêr’t nimmen har/him drok liket te meitsjen of dwaande hâldt mei de ‘werklikheid’. Los fan it feit dat se sa in soad skriuwers in net motivearre en ûnterjocht stimpel op ’e foarholle drukke, is it folsleine ûnsin. Elke skriuwer wurket mei har of syn werklikheid, hoe’t dy der ek útsjocht. Dé werklikheid bestiet net, hat noait bestien en sil ek gjin inkelde skriuwer oait bewege om dêr in wurd oan te wijen.’

https://www.demoanne.nl/skriuwoprop-wat-wit-ik-fan-dizze-wrald/

 

Twa fersen oer de werklikheid

It hûs ferlitten
in stok yn ’e hân

yn myn each
in protsje himel
fûstfol meagere skamte

eartiids bloeiden stimmen
op fertrape leagens

stienrûn wie dyn hân

 
 
In fjild hast sûnder beammen

In lyts hert fan glês

eameljende drek
út in leechklaude eker
strak om ’e dei

in kessen as twa ûnder de holle

it is de klaai dy’t dy brekber makket
 

©  Jan Kleefstra

Skoklân

Carla van der Zwaag skreau it gedicht Skoklân by it prototype fan in keunstwurk fan har twalingsuster Gonda, dat ynstjoerd waard foar in tentoanstelling op Skoklân mar net útkeazen. Carla droech it gedicht foar op 4 oktober by Satelliet (Liet ’19) yn Ouwe Syl.

Foto: Gonda van der Zwaag
Skoklân

Rêst rûst yn âlde kromten

in holle roukeamer
de rêchbonke skobbet him
tsjin griisgrauwe loften.

Oanrekke troch stoarm en tiid
sykhellet no allinnich noch
de wyn troch iepen ribben.

It buorskip longeret nei eartiids
dêr’t ea de brâning skom it lân opjage
fier oer ’t skolperich strân.

Doe útrist ta de striid
No wjuklam hâldt er him ôfsidich
yn oerjefte de hoarnen nei de himel.

In hauk fljocht oer
sjocht gjin ferskil
tusken libben en dea.

© Carla van der Zwaag

Royal Canadian Dragoons

In protestfers fan Syds Wiersma tsjin de provinsjale ôfwizing fan it subsydzjefersyk om de lêste Kanadeeske feteranen takom jier wer nei Fryslân te heljen. Neffens de Provinsje soe soks net fernijend genôch wêze. Wiersma fynt it beslút in misbegryp fan wat wy takom jier by 75 Jier Frijheid fiere en betinke.

foto/still: boarne Frysk Film Argyf
Royal Canadian Dragoons

It docht gjin nij dat ús fernijers - wa?
no ja, dy hifkers fan befrijingsplannen
dy't yn har skâns fan rigels en kritearia
bepale wa’t oar jier de slingers spanne.

Se binn’ sa frij, dat sy ús Mohikanen
fan oer de oseaan, dat lyts kwintet
âldmannemoed yn trouwe feteranen,
gjin lêst’ ûnthaal mear tastean yn ús stêd.

Nijljochters fan it steile wurd oer wat
datearre is. Ferklaaiers yn ús keizers
nijste klean, jim neakene subsydzjepot
is leech foar Royal Kanadeeske reizgers?

Dat frijheid 't heechste is; net hip, of cool.
Dy jonges fochten yn in deadepoel.

© Syds Wiersma