Op 9 oktober die tydskrift De Moanne dizze skriuwoprop:
https://www.demoanne.nl/skriuwoprop-wat-wit-ik-fan-dizze-wrald/
De oprop freget fan skriuwers in tal nuvere aksjes en stelt frjemde fragen:
‘It wurdt tiid dat skriuwers yn Fryslân harren potlead de grûn yn stekke om te fernimmen wêr’t al dy trillingen dy’t ús demokratyske tradysje oan it wankeljen bringe, wei komme.’
(Ja, ’k wit net, Grinslân?)
‘Of dat se harren laptop iepenklappe en as in seiltsje omheech hâlde om mei te farren op de wyn fan de tiid.’
(Tsjong. Ik sjoch it al foar my, in tal skriuwers yn in boatsje op de Bonkefeart mei de laptop omheech yn in noardwester stoarm. Of is dat net de bedoeling?)
‘De bining mei de werklikheid is hast ferbrutsen yn de Fryske literêre tradysje. Heech tiid om ús de fraach te stellen: Wat wit ik fan dizze wrâld?’
Gerrit de Vries skreau nei oanlieding fan dat fragefjoer it neikommende fers

Wat wit ik fan dizze wrâld ik moat in potlead yn de grûn stekke ik moat myn laptop iepenklappe en as in seil omheech hâlde ik moat my oan in minimum fan regels hâlde ik moat benei te kommen wêze en oannimlik ik moat klisjee-frij wêze ik moat rinne as in trein ik moat fersen skriuwe yn geef Frysk ik moat om stavering tinke ik moat oaren lêze litte ik moat soarch besteegje oan foarm en ynhâld it liket wol strafwurk myn wierheid hâldt him net oan regels myn wierheid is in ouwehoer in ritich wiif mei elke Moanne op de wyn fan de tiid in harsensblieding mei myn laptop op ’e knibbels byn ik myn werklikheid yn fersen wraam ik dêr leaf myn potlead yn en sil har ris goed trilje litte it soe tiid wurde © Gerrit de Vries