In protestfers fan Syds Wiersma tsjin de provinsjale ôfwizing fan it subsydzjefersyk om de lêste Kanadeeske feteranen takom jier wer nei Fryslân te heljen. Neffens de Provinsje soe soks net fernijend genôch wêze. Wiersma fynt it beslút in misbegryp fan wat wy takom jier by 75 Jier Frijheid fiere en betinke.

Royal Canadian Dragoons It docht gjin nij dat ús fernijers - wa? no ja, dy hifkers fan befrijingsplannen dy't yn har skâns fan rigels en kritearia bepale wa’t oar jier de slingers spanne. Se binn’ sa frij, dat sy ús Mohikanen fan oer de oseaan, dat lyts kwintet âldmannemoed yn trouwe feteranen, gjin lêst’ ûnthaal mear tastean yn ús stêd. Nijljochters fan it steile wurd oer wat datearre is. Ferklaaiers yn ús keizers nijste klean, jim neakene subsydzjepot is leech foar Royal Kanadeeske reizgers? Dat frijheid 't heechste is; net hip, of cool. Dy jonges fochten yn in deadepoel. © Syds Wiersma