Rely Jorritsmaprizen 2019 útrikt
Op sneon 5 oktober waarden de Rely Jorritsmaprizen fan 2019 yn Bears útrikt. Trije gedichten en twa ferhalen kamen neffens de sjuery yn de beneaming foar in priis. Under de winners sieten twa leden fan dichterskollektyf RIXT. Elmar Kuiper krige in priis foar it koarte ferhaal ‘Ik doch it foar dy’ en Henk Nijp syn fers ‘Wy kinne …’ waard ek bekroand, beide mei in priis fan €1000,- . De gedichten en fersen fan alle winners en it sjueryrapport binne te lêzen yn it lêste nûmer fan de papieren Ensafh (nr. 4, 2019). RIXT wol hjirby de fiif skriuwers noch fan herten lokwinskje mei dit moaie resultaat! Hjirûnder in noch net earder publisearre fers fan Henk Nijp mei de titel ‘hjerst yn Jirnsum’.

hjerst yn Jirnsum yn in skiere wale wâdzje do en ik troch toarre blêden, op rêgen reage yn in bluisterige nacht, de buorren duldsum yn it iere ljocht fertroud en wachtsjend op ’e dei, ien ka, ien kat – mear net wy rinne noch in slach dyn fernuvering by djipread blêd, de ferrassing fan in kiezelstien, wiffe stapkes op rântsjes fan ’e takomst, in ûnwis hantsje de kat tripket ús wat skou temjitte de ka dy’t ynienen skrast, dyn glimk dêrby, en nochris op ’e nij – mear is ek net nedich © Henk Nijp